Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L Linkfix Karel V, Grou, Ljouwert (2x)
Rigel 1:
'''Piter (fan) Dekema''' [[Weidum]] ? – [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[1568]], bestjoerder, jurist en ferfeaner.
 
Fan de jonge jierren fan Piter Dekema is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as [[grytman]] fan [[Baarderadiel]]. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[Philips II]]. Yn [[1524]] beleane Karel V troch him de titel fan [[ridder]] te jaan. <br>
Hy wie troud mei [[Catharina van Loo]]. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.
 
Rigel 8:
 
==Folmacht==
Yn de Spaanske tiid hie it Hof fan Fryslân in politike funksje. De rjochters dienen ek it wurk fan de lettere [[Deputearre Steaten]]. Dat dienen se as folmacht. Piter Dekema hat him foaral dwaande holden mei wat wy no wettersteatssaken neame soenen. By [[Grou (doarp)|Grou]] hat er it [[Woltmansdjip]] grave litten. Fierders hat hy dwaande west mei de haven fan [[Teakesyl]].
 
==Ferfeaner==
Rigel 23:
 
===It Ljouwerter Dekemahûs===
Boudewijn van Loo, Piter Dekema syn sweager, liet in deftich hûn bouwe oan de Iewâl, no it Hofplein. Oan de súdkant dêrfan liet Piter Dekema foar himsels it [[Dekemahûs]] bouwe. Doe’t de steedhâlder [[Willem Loadewyk]] yn [[1587]] troude mei [[Anna fan Oranje]] fûnen de Steaten dat harren steedhâlder in amtwent hawwe moast dy’t paste by syn weardichheid en dy fan syn frou. Fan de ergenamten kochten se dêrom it hûs, dat Boudewijn van Loo bouwe litten hie, en it Dekemahûs oan as amtswent foar Willem Loadewyk. Oant [[1795]] hawwe de steedhâlders der wenne. Nei de Frânske tiid hat kening [[Willem I]] it hûs kocht en is oant de sechtiger jierren de foarige iuw keninklik paleis bleaun. Dêrnei hat de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] it brûkt as kantoar fan de wethâlders. No is it in hotel.
 
===De Huzumer Dekemastate===