Westerkertiersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Boarnen: + berj
L korr + [[]]
Rigel 24:
It Westerkertiersk wurdt tsjintwurdich noch sprutsen troch likernôch 23.000 minsken. Dêrfan wenje goed 22.000 yn [[Grinslân]] en likernôch 800 yn eastlik [[Kollumerlân]]. In grut part fan 'e sprekkers heart lykwols ta de âlderein en sadwaande nimt harren oantal ôf.
 
Op guon kaarten dêr't de dialekten fan [[Nederlân]] op oanjûn steane, wurdt in grut part fan it Westerkertierske taalgebiet omskreaun as "Kollumerlânsk", dat in [[Nedersaksysk]] dialekt wêze soe. InIt dialekt[[Kollumerlânsk]] mei dy namme bestietis lykwols netin en boppedat klopje de oanjûne grinzen net mei dysubdialekt fan it Westerkertiersk. Mooglikdat komtnet dizzebetize flaterwurde fuort út in betizing fan it Westerkertierskmoat mei it [[Pompstersk]] fan [[Kollumerpomp]], dat in [[Nedersaksysk]] dialekt is, of mei it [[Stedsk|Stedske]] dialekt fan [[Kollum]] sels.
 
It aksint fan it Westerkertiersk wykt in bytsje ôf fan dy fan de oare Grinslânske dialekten. It Westerkertiersk lûdt as in kombynaasje fan Grinslânsk en in bytsje [[Stellingwerfsk]] mei in Frysk aksint. Hjirtroch wurdt it Westerkertiers soms ek wol as apart dialekt sjoen.
Rigel 32:
It Westerkertierske taalgebiet wurdt begrinzge troch de [[Drinte|Drintske]] provinsjegrins yn it súdeasten, de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] yn it easten en it [[Reiddjip]] yn it noardeasten. Yn dy gebieten bestiet in floeiende oergong fan it Westerkertiersk nei twa oare [[Nedersaksysk|Nedersaksyske]] dialekten, it [[Noarddrintsk]] en it [[Grinzersk]]; de oergong nei it [[Hegelânsk]], dat oare kant it [[Ryddjip]] sprutsen wurdt, is fanâlds minder floeiend.
 
Yn it westen einiget it Westerkertierske gebiet abrupt dêr't it [[Frysk|Fryske]] taalgebiet begjint. De grins wurdt dêr fan súd nei noard foarme troch de [[Fryslân|Fryske]] provinsjegrins tusken [[Allardseach]] en [[De Wylp]], dan in tinkbyldige line dy't fan [[De Wylp]] oer [[Mearum]] nei [[De Grinzer Pein]] rint, oer it grûngebiet fan 'e provinsje [[Grinslân]], en dan wer de provinsjegrins fan [[Fryslân]], tusken [[De Grinzer Pein]] en it punt dêr't dy gearfalt mei de rivier de [[Lauwers]]. Benoarden dat punt rint it Westerkertierske gebiet troch yn 'e provinsje [[Fryslân]], dêr't it de doarpen [[MûntsjesylMuntsjesyl]], [[Warfstermûne]] en [[Boerum]] yn it easten fan 'e gemeente [[Kollumerlân]] omfettet. It [[Kollumerlânsk]] is dus beheind ta dy trije doarpen. Yn it doarp [[Kollumerpomp]] wurdt it [[Pompstersk]], in [[Nedersaksysk]] oergongsdialekt tusken it [[Frysk]] en it Westerkertiersk sprutsen.
 
== Relaasjes mei oare Dialekten en Talen ==