Slach by Doarestêd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
L Linkfix Utert
Rigel 2:
 
==Eftergrûn==
Likernôch tusken [[650]] en [[719]] wurde de omkrite fan [[Utert (stêd)|Utert]] in spylbal tusken de twa machten, dêrby wie it behearskje fan de âlde Romeinske grinsfersterkingen faaks de ynset fan de fijannichheden. De Friezen wienen yn de perioade dêroan foarôfgeand in macht fan betsjutting wurden en ha besocht har gesach nei it suden út te wreidzjen. Healwei de [[7e ieu]] wie it castellum fan Utert in har besit kaam en ta sit wurden fan de Fryske keningen.
 
Sa om en de by 690 besykje de Franken it gebiet werom te winnen en fierde Pippijn II in fjildtocht tsjin de Friezen. By Dorestêd (Wijk bij Duurstede) wurde de Friezen ferslein en sa kaam Utert wer yn hannen fan de Franken. Dy Frankyske oerwinning lei de grûnslach foar de dêrop folgjende misje warberens fan [[Willibrord]] en dernei [[Bonifatius]] fan út it Utertse castellum.