Aisopus: ferskil tusken ferzjes

3 bytes lytser ,  9 jier lyn
L
red
L (of Esopus)
L (red)
Aisopos' biografy is mar in bytsje fan bekend en der is striderij oer. Syn berteplak is ûnbekend, mar [[Aristoteles]] sei dat er fan[[Traasje]] kaam. Neffens [[Herodotos]] (''Hist.'' 2, 134) wie Aisopos as slaaf yn tsjnst by Iapedon, op it eilân Samos, en dat er fermoarde wurden is. Herodotos beskôget dit ferhaal as bekend, want hy giet der fierder net op troch. [[Heraclides Ponticus|Herakleidos Pontikos]] giet er noch wat neier op yn: Aisopos soe in gouden offerskeal stellen hawwe en dêrfoar straft wêze. Mar hy moat dan dochs frij man wurden wêze, want letter libbe er oan it Hof fan [[Croesus]], dêr't er [[Solon]] moete en iten hat oan de tafel fan [[Periander]] yn [[Korinte]]. Yn de regearperioade fan [[Peisistratos (Athene)|Peisistratus]] soe er Athene besocht hawwe en syn fabel ''De kikkerts dy't in kening winsken'' ferhelle hawwe. De bedoeling dêrfan binne ek wer ferskillend ferhalen fan yn omrin.
 
It falt wol op dat der faak Afrikaanske bisten optrede yn syn ferhaalsjes. Richard Lobban, in Ingelske professer Afrikaanske Stúdzjes, hat beargumintearre dat syn namme fan "Etioopjer" komme kin, in wurd dat de Griken brûkten foar eltsenien mei in donkere hûd út Afrika. Oare Ingelske gelearden sprekke dat wer tsjin. In soad histoarisy tinke tsjintwurdich oan [[PhrygjeFrygje]] yn [[Lyts Aazje]] as te bertegrûn fan Aesopus.
 
Guon gelearden twifelje sels oft Aisopos wol wier bestien hat. Neffens de Grykske tradysje moast els literêr sjenre in al as net optochte - ''euretes'' of útfiner hawwe. [[Herodotos]] neamt Aisopos as sadanich oangeande de fabels. At er no al as net bestien hat, hy waard wurdearre en wie ferneamd yn it klassike Athene. Syn populêrens docht ûnder oaren bliken út it feit dat [[Aristophanes (blijspuldichter)|Aristophanes]] us faker as ien kear fernijt mei syn namme yn syn komedy (''Waspen'' f. 1259; ''De Frede'' f. 139).