Floaris en Blankefloar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|right|400px|In [[houtfyk mei Floaris en Blankefloar yn in útjefte fan Jan van Doesborch, fan omtrint 1517.]] '''''Floaris en Bla...
 
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Floris ende Blancefloer Lg 68.jpg|thumb|right|400px|In [[houtfyk]] mei Floaris en Blankefloar yn in útjefte fan Jan van Doesborch, fan omtrint [[1517]].]]
'''''Floaris en Blankefloar''''', yn it oarspronklike [[Midnederlânsk]]: '''''Floris ende Blancefloer''''' (of ek wol '''''Van Floris en Blancefleur'''''), is in trettjinde-ieuske leafdes[[roman]] yn [[gedicht|dichtfoarm]] fan 'e [[Flaanderen|Flaamske]] [[dichter]] [[DiderikDiederik fan Assenede]] (±[[1230]]-±[[1290]]), basearre op it eardere wurk '''''Floire et Blancheflor''''', fan in anonime [[Frankryk|Frânske]] [[skriuwer]] út 'e tolfde ieu. De [[Frysk]]e oersetting fan [[Klaas Bruinsma (oersetter)|Klaas Bruinsma]] waard útjûn yn [[2009]].
 
==Eftergrûn==
It [[Frânsk]]talige ''Floire et Blancheflor'' moat om [[1160]] hinne ûntstien wêze as it wurk fan in anonime dichter dy't nei alle gedachten út noardlik Frankryk kaam. Dizze orizjinele ferzje is inkeld oerlevere yn trije hânskriften fan folle letter datum, ien fan omtrint [[1288]], in oaren út likernôch [[1447]] en in trêden út 'e fjirtjinde of fyftjinde ieu. Alletrije manuskripten binne op 'e noed fan 'e ''Bibliothèque Nationale de France'', te [[Parys]]. De Midnederlânske bewurking troch DiderikDiederik fan Assenede datearret fan likernôch [[1260]]. DiderikDiederik wie in klerk oan it hof fan 'e greven fan Flaanderen te [[Brugge]], en hat ''Floire et Blancheflor'' oerset nei de folkstaal om it ferhaal foar in grutter publyk tagonklik te meitsjen, al jout er sels yn 'e tekst oan dat it oersetten yn berime fersen him noch net tafoel. DiderikDiederik syn ''Floris ende Blancefloer'' is oerlevere yn ien hânskrift út it twadde fearn fan 'e fjirtjinde ieu. Dêrnjonken binne der ek noch in stikmannich fragminten út in âlder manuskript bewarre bleaun. Sawol it folsleine hânskrift as de fragminten binne yn it besit fan 'e [[Ryksuniversiteit Leien|Universiteitsbibleteek]] [[Leien]].
 
''Floire et Blancheflor'' wie yn 'e [[Midsieuwen]] in tige populêr ferhaal en is dat noch ieuwenlang bleaun. Behalven in Midnederlânske oersetting wiene der noch oaren. In ûnfolsleine opsomming:
Rigel 10:
* [[Midheechdútsk]]: ''Florie und Blanscheflur'', fert. [[Konrad Fleck]], ±[[1220]];
* [[Midingelsk]]: ''Floris and Blancheflour'', foàr [[1250]];
* [[Midnederlânsk]]: ''Floris ende Blancefloer'', fert. [[DiderikDiederik fan Assenede]], ±[[1260]];
* [[Aldnoarsk]]: ''Flóres saga ok Blankiflúr'', ±[[1300]];
* [[Midnederdútsk]]: ''Flos unde Blankeflos'', nei [[1300]];