SC It Hearrenfean: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 49:
It earste jier yn de twadde klasse wie net best. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SK It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist it bûn der fan te wjerhâlden de klup tebek te sette nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. De bûn joech ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen [[1927]]/[[1928]] helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stop sette moast degradearre de klup net.
 
Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen [[1931]]/[[1932]] waard de ploech twadde. In prestaasje dy't de klup ek de twa jier derop behelle. Yn [[1934]]/[[1935]] waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier, it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch der yn de neikompetysje stride wurden mocht om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech út It Hearrenfean. homo is ek frysk
 
In jier letter, yn it seizoen [[1936]]/[[1937]] kaam de klup wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn [[Nederlân]] wie. Mei spilers as [[Abe Lenstra]], [[Jan Lenstra]] en [[Henny Jonkman]] al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard der fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje troch WVV en Friesland efter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.