Ruth (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|right|400px|[[Ruth (bibelsk persoan)|Ruth te iersykjen yn it fjild fan Boäz, op in skilderij fan Julius...
 
L →‎Ynhâld: [[]] oars
Rigel 10:
Yn Israel oankommen sette se har nei wenjen yn [[Betlehem]], dêr't Elimêlek hikke en tein wie. Foar twa froulju allinne is it soberearjen, dat om oan iten te kommen, giet Ruth ûnder de rispinge út te iersykjen. [[Boäz]], in grutboer yn dy krite, sjocht Ruth op syn lân yn 'e skrep en hjit syn sichters om mei sin wat mear ieren te fergriemen, wylst er Ruth oansprekt en op it hert drukt om inkeld op syn lân te iersykjen. As Ruth dy jûns thúskomt mei in grut sekfol koarn, freget Noömy hoe't se dêroan komt. As se heart oer Boäz en wat dy tsjin Ruth sein hat, leit se har skoandochter út dat Boäz ien fan harren [[losser (bibelsk begryp)|losser]]s is.
 
Ruth bliuwt de hiele rispinge op Boäz syn lân oan it iersykjen. Uteinlik jout se har op Noömy har oanwizings op in nacht oan Boäz syn fuotten del op 'e terskflier. As Boäz nachts wekker wurdt en freget wa't dêr oan syn fuotten leit, neamt Ruth har namme, en Boäz jout dan oan dat er ree is om har te "lossen" troch mei har te trouwen. De famylje fan Noömy hat lykwols ien neiere losser, dat Boäz giet de oare deis nei de stedspoarte ta en freget dy man dêr yn it bywêzen fan tsjûgen oft hy Ruth losse wol. Dy hat dêr gjin belang by, sadat it lossen ferfalt oan Boäz. Boäz en Ruth trouwe koarte tiid letter en krije in soan, Obed. De lêste fiif fersen hâlde út dat dy Obed de heit waard fan [[Isaï]], en Isaï de heit fan [[David, soan fan IsaïIsrael|David]], dy't kening oer Israel waard.
 
==Fryske oersetting==