Beowulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanfolling + in stik wiske (sjoch oerlisside)
L →‎Oarsprong: [[]] oars
Rigel 3:
 
==Oarsprong==
It is net dúdlik wannear't ''Beowulf'' krekt skreaun is, al datearret it iennichst oerlevere hânskrift fan koart foar it jier [[1000]]. It [[gedicht]] sels is lykwols âlder, en guon argayske wurden lykje de teory te ûnderstypjen dat it út 'e achtste ieu stammet, miskien sels wol út 'e earste helte dêrfan. Mar om't yn dichtwurken gauris [[argaïsme]]n brûkt wurde, is dat gjin trochslachjaand bewiis. Resinter ûndersyk tsjut op in datearring om [[850]] hinne, of mooglik noch letter. De personaazjes út it gedicht binne deselde min ofte mear histoaryske figueren, lykas [[Hugleik|Hygelac]], dy't ek yn oare teksten foarkomme en oan 'e hân wêrfan't de tiid dêr't it ferhaal yn spilet, fêststeld wurde kin tusken [[450]] en [[600]]. Nei alle gedachten is ''Beowulf'' in optekening fan in mûnling [[oerlevering|oerlevere]] ferhaal dat de [[Angelen]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en/of [[Jutten]] fan it [[Jeropa|Jeropeeske]] fêstelân ôf meinommen hawwe doe't hja yn 'e fyfde ieu mannemacht nei de [[Britske Eilannen]] ferfearen en har dêr nei wenjen setten.
 
==Skiednis==