Widukind: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw it wat feroare om oan te jaan dat de oerwinners, de Franken net per definysje gelyk hienen.
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 2:
 
==Tsjinstanner fan Karel de Grutte==
Widukind wie de liedende krêft yn de Saksyske striid om harren ûnôfhinklikens en leauwen, it heidendom, te behâlden. Neidat [[Karel de Grutte]] yn [[777]] de Saksen ferslein hie, socht Widukind syn taflecht by de [[Denen]]. Yn [[778]] gong Karel nei [[Spanje]] ta en Widukind kaam werom en fûl plonderjend it Rynlân yn dêr't er in tal stêden ynnaam. Tusken [[779]] en [[781]] woede der in bruorrestriid, om't in part fan de Saksyske ealju oan de kant fan de [[Franken]] stienen. Yn [[782]] socht Widukind op 'e nij syn taflecht by de [[Denemark|Denen]], mar kaam datselde jier werom en organisearre in nije opstân.
 
===Opstân fan de Friezen===
Dy opstân sloech ek oer nei de [[Friezen]] en de [[Wenden]]. De Saksen ferneatigen it Frankyske leger en deaden twa hege Frankyske funksjonarissen. Karel sette in fjildtocht op poaten en mei in mânsk leger teach er tsjin de Saksen op. By [[Verden]] waard Widukind ferslein en 4.500 Saksen waarden deportearre. De Saksen wienen lykwols noch net ferslein troch Karel, want hja koenen in oar Frankysk leger ferslaan yn de [[slach by Grotenburch]]. Yn [[784]] krige Widukind stipe fan de Friezen dy't him in leger stjoerden.
 
==Fredesferdrach==
Rigel 13:
 
==Hillige==
[[Ofbyld:Coa de-nordrhein westfalen 300px.png|thumb|right|150px|It wapen fan Noard-Rynlân-Westfalen]]
Widukind kaam letter yn leginden as in hillige en bouwer fan in protte tsjerken. Foar syn doop soe hy op in swart hynder riden hawwe en dernei op in witen ien. It swarte hynder is ôfbylde op it wapen fan [[Herford]] en it wite hynder op 'e flaggen fan [[Noard-Rynlân-Westfalen]], [[Nedersaksen]] en [[Twinte]].
 
[[Kategory: Germaansk persoan]]