1 en 2 Kroniken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L korr
Rigel 1:
'''''1 Kroniken''''' en '''''2 Kroniken''''' binne twa boeken fan 'e [[kristendom|kristlike]] [[Bibel]]; yn it [[Alde Testamint]] falle se ûnder de ''Skiednis'' en as sadanich foarmje se it 13de en 14de bibelboek (fan 39). De opspjalting yn twa dielen is yn 'e lêste ieu(wen) f.Kr. ûntstien by de oersetting fan 'e [[Hebrieusk]]e tekst nei it [[Gryksk]], en yn 'e ''[[Tenach]]'', de [[joadendom|joadske]] Bibel, bestiet dy dan ek net; dêr is '''''Kroniken''''', yn it oarspronklike Hebrieusk: '''דברי הימים''', '''''Diḇrei ha-Yamim''''' ("De Dingen fan 'e Dagen"), it 24ste boek (fan 24) en falt it ûnder de ''KeṯuḇimḴeṯuḇim'' (de "Geskriften"). Yn it Gryksk hjitte de beide boeken '''Παραλειπομένων''', '''''Paralipomenon''''' ("De Dingen Dy't Weilitten Binne"). Yn ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' wurdt de hiele skiednis fan 'e [[Israeliten]] nochris op 'e nij oereide, begjinnend by [[Adam]], de earste [[minske]], en einigjend mei de fal fan [[Jeruzalim]] en de [[Babyloanyske Ballingskip]]. Dêrmei rinne de beide boeken benammentlik lykop mei ''[[1 en 2 Samuël]]'' en ''[[1 en 2 Keningen]]''. Oer it algemien wurde de ''Kroniken'' dan ek beskôge as in oanfolling dêrop.
 
It lêste foarfal dat yn ''2 Kroniken'' op 't aljemint komt, is de tastimming dy't de [[Perzyske Ryk|Perzyske]] kening Koaresj ([[Syrus de Grutte]], dy't yn 539 f.Kr. it [[Nijbabyloanyske Ryk]] ferovere) de [[Joaden]] jout om werom te kearen nei harren lân; dêrmei wurdt in ierst mooglike datum foar it gearstallen fan 'e ''Kroniken'' jûn. Men tinkt dat de boeken tusken 400 en 250 f.Kr. (mei 350-300 f.Kr. as wierskynlikste perioade) skreaun binne troch ien inkele persoan, al hawwe der neitiid wat redigearrings en oanfollings plakfûn. Neffens de joadske tradysje soe de preester [[Ezra (preester)|Ezra]] de [[skriuwer]] fan 'e boeken wêze, mar de moderne bibelwittenskip hat dêrfoar gjin bewiis fine kind en neamt de anonime auteur dêrom "de Kronykskriuwer". It moat in belêzen [[teolooch]] west hawwe, nei alle gedachten in preester, mei't er yngeand omtinken skinkt oan alles dat mei de joadske preesterstân en de [[Leviten]] (de [[stammen fan Israel|Israelityske stamme]] dy't de preesters levere) te krijen hat. De earste folsleine [[Frysk]]e oersetting fan ''1 Kroniken'' en ''2 Kroniken'' stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], dy't yn [[1943]] útkaam.