Albert Egges van Giffen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Redburd (oerlis | bydragen)
No edit summary
Theun (oerlis | bydragen)
útwreide mei :nl, boek oer hunebêden, site universiteit
Rigel 1:
[[Ofbyld:Steen Van Giffen bij D49.JPG|rigth|thumb|200px|tinkstien by De Papeloze Kerk]]
Professor Dr. '''Albert Egges van Giffen''' wie in nederlânsk [[archeoloochargeolooch]] ferbûn oan de [[Ryksuniversiteit fan Grins]]. Mei syn ferneamde ûndersyk nei [[terpen]] yn Noard-Nederlân en de [[hunebêden]] yn [[Drinte]] waard it fundemintfûndemint lein foar de moderne Nederlânske archeologyargeology.
 
Van Giffen waard berne op [[14 maart]] [[1884]] yn [[Noardhoarn]] as soan fan in herfoarme dûmny, en groeide op yn [[Diever]]. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.
Yn [[1908]] begûn de doe 24-jierrige biologystudint Van Giffen oan syn ûndersyk nei de terpen, yn Grinslân ek wol wierden neamd. In soad terpen waarden yn dizze tiid ôfgroeven en wichtige ynformaasje út it ferline rekke op dizze wize wei. Dochs kamen der ek in bulte dingen út de mysterieuze heuvels wei dy't bewarre waarden. Van Giffen ûndersocht dizze fûnsten en besocht terpôfgravings lykas yn Dorkwerd. Hy kaam as earste ta de konklúzje dat terpen echte wenheuvels wienen. Yn 1916 begûn er mei sistimatyske ôfgravings fan Esinge en Leens. Foar de stêdsarcheology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset.
 
== Terpen ==
Yn [[Fryslân]] ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster [[Klearkamp]] by [[Rinsumageast]]. Op guon grêffjilden út de betiide Midsieuwen yn 'e omkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekinde ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de Twadde Wrâldkriich hiene de allerearste bewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de herkomst fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske archeologen H.J. Popping, H. Halbertsma en P.C.J.A. Boeles.
Yn [[1908]] begûn de doe 24-jierrige biologystudint Van Giffen oan syn ûndersyk nei de terpen, yn Grinslân ek wol wierden neamd. In soad terpen waarden yn dizze tiid ôfgroeven en wichtige ynformaasje út it ferline rekke op dizze wize wei. Dochs kamen der ek in bulte dingen út de mysterieuze heuvels wei dy't bewarre waarden. Van Giffen ûndersocht dizze fûnstenfynsten en besocht terpôfgravings lykas yn [[Dorkwerd]]. Hy kaam as earste ta de konklúzje dat terpen echte wenheuvels wienen. Yn 1916 begûn er mei sistimatyske ôfgravings fan Esinge en Leens. Foar de stêdsarcheology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset.
 
Van Giffen waard ferneamd troch syn ôfgravings yn [[Esinge]]. Hy lei as earste de struktuer fan in doarp troch de ieuwen hinne sichtber. Mei dit projekt ûntwikkele hy de saneamde kwadrantmetoade, wêrby it te ûndersykjen gebiet sawol mei fertikale as horizontale sleuven ôfgroeven waard. Sa waard in maksimum oan gegevens krige mei minimale fersteuring. Oan't dy tiid waard in argeologysk fynplak hielendal, laach foar laach, ôfgroeven. Mar troch de nije metoade bleau in part fan it fynplak yntakt.
 
===Fryslân===
Yn [[Fryslân]] ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster [[Klearkamp]] by [[Rinsumageast]]. Op guon grêffjilden út de betiidebetide Midsieuwen yn 'e omkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekindebekende ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de Twadde Wrâldkriich hiene de allerearstealderearste bewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de herkomstkomôf fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske archeologenargeologen H.J. Popping, H. Halbertsma en P.C.J.A. Boeles.
 
== Hunebêden ==
[[Ofbyld:Hunebed D49 Schoonoord 2.JPG|rigth|thumb|200px|De Papeloze Kerk]]
[[Ofbyld:Hunebed D49 Schoonoord 1.JPG|rigth|thumb|200px|De Papeloze Kerk]]
Yn [[1917]] waard Van Giffen ek oanstelt as konservator fan it [[Drints Museum]] yn Assen. Van Giffen hat yn dy tiid in protte opgravings dien by de hunebêden en hat ek in protte restaureare. Ek makke hy in ynventarisaasje fan alle noch besteande hunebêden yn Drinte. Yn 1928 publisearre hy hjiroer in boek dat noch altiten as in standertwurk oer de hunebêden sjoen wurd. <br>
Van Giffen bleau syn hiele libben belutsen by de hunebêden. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat der bygelyks de stiennen fan D53 by [[Havelte]] tydlik fuorthelle om't de dútsers dêr in fleanfjild hawwe woene, nei de oarloch koe Van Giffen de stienen wer tebeksette op it oarspronklike plak sadat dit hunebêd ek noch hieltiten te besjen is.<br>
Foaral yn de jierren fyftich en sechtich hat Van Giffen in protte hunebêden restaureare en noch ferskate opgravings dien. In bekend hunebêd is ek de [[Papeloze Kerk]], dit hunebêd by [[Schoonoord]] wie net folle fan oer. Van Giffen hat doe mei stiennen fan in twadde hunebêd dat net folle mear wie, in rekonstruksje makke hoe at in hunebêd der eartiids mei dekheuvel út sjoen hat. In part fan de dekheuvel is weilitten om de opbou fan it hunebêd sjen te litten.
 
== Grins ==
Foar de stêdsargeology fan de stêd Grins hat er ek wichtich wurk ferset. Yn 1928 ûndersocht hy de súdkant fan de [[Grutte Merk]] en yn de jierren fyftich hat hy in opgraving dien fan de Walburchtsjerke op in Martinitsjerkhof.
 
==Ferskaat==
Yn 1920 rjochte hy it Biologysk-Argeologysk Ynstitút op. Fierder wie der foarsitter fan de Feriening fan Terpenûndersyk, ynspekteur by it [[Grinzer Museum]] en al neamd konservator by it Drints Museum.
Yn 1932 waard hy keazen as lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen (KNAW).<br>
Yn 1930 kocht hij it bûten ''De Heezeberg'' by Diever wêr hy de rest fan syn libben wenne. Van Giffen ferstoar yn de âldens fan 89 jier op [[31 maaie]] [[1973]] yn [[Swol]].
 
Yn it [[Grinzer Museum]] is wie fan desimber 2005 oant april 2006 in grutte tentoanstelling plak mei de namme: ''Professor van Giffen en it geheim fan de wierden''
 
==Literatuer==
* Hunebedden, Monumenten van de Steentijdcultuur, E. van Ginkel, S Jager en W. van der Sanden, Uniepers Abcoude (2005).
 
Yn it [[Grinzer Museum]] is oantenmei 24 febrewaris 2006 in tentoanstelling oer it ûntstean fan de terpen te besjen. Yn it Noardelik Skipfeartmuseum oan de Brugstraat yn Grins is oantenmei 9 april 2006 in eksposysje te sjen oer de ôfgravings en it ferfier fan terpmodder.
 
[[nl:Albert van Giffen]]