Sonttol: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 11 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q707337
stikje útwreide
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kronborg Castle.jpg|thumb|[[Kastiel Kronborg]] by [[Helsingør]].]]
[[Ofbyld:Helsingor 1588.jpg|thumb|Helsingør, 1588]]
Yn [[1429]] stelde kening [[Erik VII fan Denemark|Erik VII]] de '''Sonttol''' (''[[Deensk]]: Øresundstold, [[Sweedsk]]: Öresundstullen'') yn. Alle bûtenlânske skippen dy't troch de [[Sont]] farden, moasten yn [[Helsingør]] tol betelje oan de [[Denemark|Deenske]] kroan. As in skip wegere te beteljen waard it fjoer iepene út [[Kastiel Kronborg]] wei by Helsingør en út it slot fan [[Helsingborg]]. Yn [[1567]] waard de tol feroare yn in belesting op de lading fan it skip, wêrmei't de ynkomsten fertrijefâldigen. Om foar te kommen dat skippen in oare rûte namen, waard ek tol heft yn de [[Grutte Belt]] en de [[Lytse Belt]].
Line 5 ⟶ 6:
 
Op [[14 maart]] [[1857]] waard it [[Ferdrach fan Kopenhagen]] tekene, dêr't Denemark by ôfseach fan de Sonttol, wylst de oarende seefarrende lannen in ôfkeapsom betellen.
 
==Sonttolregister==
De registers fan de tolheffing by de Sont behearre ta de ferneamdste en meast wichtige boarnen foar de ekonomyske en maritime skiednis fan Nederlân en oare Jeropeeske lannen. De registers befetsje nammen fan skippers, harren wenplak, thúshavens, de lading en de bestimming fan 1,7 miljoen trochfearten tusken 1497 en 1857. Likernôch de helte fan de Sontskippers wie Nederlânsk.
 
De orzjinele Sonttolregisters wurde bewarre yn it Ryksargyf yn Kopenhagen. Ein 2008 waard úteinset mei in projekt om de rgisters op ynternet te publisearjen.<ref>[http://www.rug.nl/Corporate/nieuws/archief/archief2008/persberichten/111_08 ''Alle Sonttolregisters komen online''], parseberjocht [[Ryksuniversiteit Grins]], 8 septimber 2008</ref> Sûnt 2011 kinne de registers online ynsjoen wurde.
 
== Keppeling om utens ==
*{{nl}} [http://www.nationaalarchief.nl/sont/fbron.html De Nederlânske Sontregisters].
*{{nl}} [http://www.soundtoll.nl/ De Sonttol registersSonttolregisters online].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>}}
 
[[Kategory:Belesting]]
[[Kategory:Histoaryske boarne]]
[[Kategory:Skiednis fan Denemark]]
[[Kategory:Skipfeart]]