Johan van Oldenbarnevelt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Theun (oerlis | bydragen)
stavering
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Michiel Jansz van Mierevelt - Johan van Oldenbarnevelt.jpg|right|thumb|240px|Johan fan Oldebarnevelt skildere troch [[Jansz Fan Mierevelt]]]]
'''Johan van Oldenbarnevelt''' ([[Amersfoart]], [[14 septimber]] [[1547]] – terjochtstelt [[De Haach]], [[13 maaie]][[ 1619]] wie de belangrykste Nederlânske steatsman yn de earste faze fan de [[tachtichjierrige oarloch]]. Hy wurde slachtoffer fan in politike moard troch oanhingers fan [[Maurits van Oranje|Prins Maurits fan Oranje]].
 
Johan van Oldebarnevelt waard berne yn in boargerlik gesin. Mar er wie altyd in soad spul thús. Syn heit Gerrit kaam gauris yn oanrekking mei justysje fanwege dronkenskip of geweld. Johan besocht wierskynlik de [[Latyn|Latynske]] skoalle yn Amersfoart. Dernei gie hy nei De Haach om as [[advokaat]] te wurkjen. Tusken [[1566]] oant [[1570]] studearre hy yn [[Leuven]], [[Bourges]], [[Keulen]], [[Heidelberg]] en [[Padua]]. It is net wis of hy ek alle graden helle hat. Yn 1570 wurdt hy abbekaat by it [[hof fan Hollân]]. Yn 1576 wurdt hy pensjonaris fan [[Rotterdam]]. Hy hie himsels oansluten by de opstân. Yn 1578 troude hy mei regintedochter Maria fan Utert. Yn 1586 wurdt fan Oldenbarnevelt [[lânsabbekaat]] fan de [[Steaten fan Hollân]]. Dizze funksje soe hy behâlden oant syn dea.
Rigel 9:
 
== De reboelje ==
De gearwurking mei Maurits de steedhâlder gie oant [[1600]] goed. Oldenbarnevelt die de polityk en [[Maurits van Oranje|Maurits]] ferovere de iene stêd nei de oare stêd. Mar Maurits wurde wol âlder en koe hieltiten minder oer de bemuoienissen fan Van Oldebarnevelt. De [[slach by Nijpoart]], dy’t Maurits tsjin syn sin die soarge dat it tusken de twa mannen ferwidere. Doe't Van Oldebarnevelt der ek noch foar soarge dat er in [[tolvejierrige bestân]] kaam mei [[Spanje]] wienen de rapen gear. Maurits liet it op reboelje oan komme. Dit krigen sy troch in ferskil fan miening yn de striid tusken de [[remonstranten]] en de [[kontraremonstranten]]. Maurits wie op de hân fan de kontraremonstranten, mar Oldebarnevelt twong de tsjerke om de remonstranten te tolerearen. Mei de [[skerpe resolúsje]] ([[1617]]) waarden de Hollânske steden troch de steaten machtige om hiertroepen oan te nimmen om ûnrêst foar te kommen. Dit wie in grutte provokaasje tsjin Maurits, hy wie de baas fan it leger en dit gie direkt tsjin syn gesach yn. Maurits soarge derfoar dat de wet feroare waard en hy liet yn [[1618]] Oldebarnevelt, [[Hugo de Groot]] arresteare. In bysûndere rjochtbank feroardielde him ta de dea fanwege heechferrie. Op[[ 13 maaie]] [[1619]] waard Van Oldebarnevelt ûnthalze.
[[Ofbyld:Johan v Oldenbarnevelt TheHague.jpg|left|thumb|160px|In stânbyld fan Johan van Oldenbarnevelt yn [[De Haach]]]]
Ta it publyk sei hy de ferneamde wurden: 'Mannen leau net dat ik in lânferrieder bin, ik haw oprjocht en from hannele, as in goed patriot en sa sil ik stjerre'. Syn alderlêste wurden wienen tsjin de beul: Meitsje it koart, meitsje it koart.