Earste Punyske Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 50 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q6286
No edit summary
Rigel 7:
Oanlieding foar de kriich wie de stipe dy't Kartago ynearsten oan de stêd [[Messina (stêd)|Messina]] ferliende, tsjin in oanfal fan de Grykske stêd [[Syrakuse (Itaalje)|Syrakuse]]. De Kartagers gongen lykwols net út Messina fuort sadat de stêd har rjochte ta Rome om help. Nei lang yn har omgean litten te hawwen waard op foarspraak fan de ''[[comitia centuriata]]'' besletten ta yntervinsje op it eilân.
 
De Kartaagse oanwezigens yn it noarden fan Sisylje waard troch de Romeinen ek as bedriigjend field. Nei alle gedachten hat ek de oarlochssuchtigens fan de Romeinen yn it generaal en dy fan de senatoren yn it bysûnder hjirby in rôl spile. Oars falt net te ferklearjen wêrom't Rome har yn in oarloch stoarte dy't foar it grutste part oersee en op see fierd wurde soe. De tweintich oarloachskippen fan de Romeinen woegen nammentlik net op tsjin de hûnderten fan de Kartagers.
HEJ PÅ DIG
 
== Kriichsferrin ==
De kriich sette útein doe't Rome mei in oarloch op lân de Kartaagske koloanjes op West-Sisylje besocht yn te nimmen. Konsul [[Appius Kaudius Saudeks]] stuts yn 264 f. Kr., yn in donkere nacht de [[Strjitte fan Messina]] oer en sette syn leger oan wâl yn de haven fan Messina. Troch de Kartagers waard dizze died beskôge as in oarlochsferklearring. By it earste belis fan [[Slach by Agrigentum|Agrigentum]] yn 262 f. Kr. koenen de Romeinen har noch behelpe sûnder in eigen oarloachsfoat. De Kartagers moasten har nei sân moannen duorjende belegering oerjaan. De ûnderfinings opdien by dizze slach die beide legers fan strategy feroarjen. De Kartagers hienen yn de gaten krigen dat de Romeinen te lân min te ferslaan wienen, mar dat sy op see it sterkst wienen. Sy foelen dêrom de befoarriedingskippen fan de Romeinen oan. De Romeinen op har beurt besochten in float te bouwen.