Meidogger oerlis:Swarte Kees/Argyf6: ferskil tusken ferzjes

Lêste reäksje: 11 jier lyn troch Saeftinghe kenner by it ûnderwerp Verdronken land van Saeftinghe pagina
Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Argyf
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 26 apr 2013 om 09.47

Request for translation. Yanka Kupala and Yakub Kolas

Warm greeting from Belarusian Wikipedia! This year we celebrate 130. birthday of Belarusian great poets en:Yanka Kupala and en:Yakub Kolas Could you help us to translate articles into your unique and honourable language? Thank you in advance!--Rymchonak 16 jan 2012, 12.56 (CET)Beäntwurdzje

Topside

Goeijûn. Yn 2011 sille wy it plan wer oppakke foar de stjerartikels, topside neamd op ús wikipedy. Earder is de side wikipedy:topside al oanmakke, wêr't alle topside bymekoar te stean komme. Hjoed haw ik de side wikipedy:kandidaatsiden makke, hjir kin troch de meidoggers stimd wurde oer of't in side al as net de namme 'topside' fertsjinnet. Graach soe ik fan jo hearre wat jo tinke fan it plan en of't der noch op- en oanmerkings binne. Jo kinne jo kommentaar hjir spuie. J'88 3 jan 2011, 20.57 (CET)Beäntwurdzje

Goeie Kees! Foar de Topsiden woenen wy graach in gouden pompeblêd hawwe, is werris wat oars as in stjerke. No haw ik fan Commons in pompeblêd helle en folslein goud makke, mar ik bin sels net heul handich mei dat soarte saken. Ik leau dat jo yn it ferline wol dwaande west binne mei kaartsjes en dat soarte saken. Soene jo ris sjen wolle of jo in gouden pompeblêd meitsje kinne foar de topsiden? Freonlike groetnis, J'88 4 jan 2011, 11.35 (CET).Beäntwurdzje

Dei J., tank foar it stelde betrouwen. In pompebledsje past folle moaier op ús wikipedy as in stjerke. Ik ha oan de gong west mei oare kleuren en soks slagget wol, mar net sa dat in glânseffekt ûntstiet. By it troch jo bedoelde stjerke is wurke mei meardere soarten giel, mar soks slagget my net. Op himsels is it goudgiele stjerke ek wol goed tinkt my It kin letter altiten ferfongen wurde troch in noch bettere as dy beskikber komt. Ik sil nochris om my hinne freegje oft der ien is dy't soks oanmeitsje kin. Groetnis,

--Swarte Kees 9 jan 2011, 08.07 (CET)Beäntwurdzje

Goeie Kees. Ik haw de side dy't jo rekommandearren besjoen, mar kin net in goeie kleur útkieze. Se hawwe allegear wol wat. Misskien dat wy it yndied hjir earst mar by litte moatte. It sjocht der aardich út en yn de takomst kin it yndied sa feroare wurde. Tank foar de muoite yn elts gefal! J'88 9 jan 2011, 19.39 (CET)Beäntwurdzje

Tank

Tank foar jo reaksje! Ik ha it oanpast. Groetnis, J'88 14 jan 2011, 19.48 (CET).Beäntwurdzje

Utlizzen fan triedsjes

Jo hawwe der yn elts gefal foar soarge dat de drompel om mei te dwaan foar my ferlege waard. Drewes 23 jan 2011, 18.35 (CET)Beäntwurdzje

Goed om te hearren. En jo hawwe sels ek al wer wat triedsjes útlein foar oaren. Groetnis, --Swarte Kees 23 jan 2011, 18.37 (CET)Beäntwurdzje

Sjipsop

Jo hawwe ek oeral ferstân fan. Gr. Drewes 27 jan 2011, 23.06 (CET)Beäntwurdzje

dûbele siden

Jûn Kees, ik ha sjoen datsto twa kear deselde siden oanmakke hast Duerswâlder Heide en Duerswâldster Heide. Gr. --Geoffrey 30 jan 2011, 18.50 (CET)Beäntwurdzje

se wienen suver hast gelyk, tank foar it omtinken, groetnis, --Swarte Kees 30 jan 2011, 22.46 (CET)Beäntwurdzje

Goedejûn Swarte Kees, neffens my hasto twa deselde siden oanmakke, nammentlik Stichting Alde Fryske Tsjerken en Stifting Alde Fryske Tsjerken. Groetnis fan MeinRei 6 feb 2011, 20.13 (CET)Beäntwurdzje

Tige tank MeinRei, it is wat mei al dy tsjerken,--Swarte Kees 6 feb 2011, 22.34 (CET)Beäntwurdzje

Kategory Side fan de wike 2011

Goeiejûn Kees,

Ik tink dat ik wit hoe't it komt dat dêr hielt in blok by de side van de wike komt troch de kategoryen. Der sit wytromte tusken it Lês mear en de kategory. Ik ha oant en mei wike 19 de wytromte fuorthelle, ris sjen as it no goed giet. It kin ek wêze dat der nei de kategory noch ris op enter drukt is en dat der dus nog in wytrigel nei de kategory stiet.

Gr, Wikiice 14 mrt 2011, 21.34 (CET)Beäntwurdzje

Braaid

Ik sil it oersette. Groetnis. Drewes 27 mrt 2011, 17.52 (CEST)Beäntwurdzje

Carottaplaatsjes

Moai wurk Kees! In Wikywrâldprimeur!. Drewes 11 apr 2011, 17.50 (CEST)Beäntwurdzje

Ynfoboks/Saturnus

Goejûn,

Ik ha krekt efkes dwaande west mei it meitsjen fan in universele ynfoboks foar planeten. Ik hoopje datsto de ynfoboks brûke wolst en kinst. Sis it mar at ik der noch wat oan feroarje moat. Mei de groetnis --Kening Aldgilles 13 apr 2011, 22.42 (CEST)Beäntwurdzje

Bêst genôch, tige tank, --Swarte Kees 13 apr 2011, 22.57 (CEST)Beäntwurdzje

Disclaimer medyske side

Goejûn, Ik seach datsto hjoed dwaande wiest mei siden oer sykten. Soesto tenei de disclaimer {{Disclaimer medyske side}} foar medyske siden brûke wolle? Tank yn 't foar. --Kening Aldgilles 18 apr 2011, 00.41 (CEST)Beäntwurdzje

Carotta

Neikommende tekst ha'k fan myn meidoggersside fersetten net de oerlisside: Goeie Kees, De teory fan Carotta is op it earste gesicht fremd en ropt reaksjes op. Mar net alle reaksjes " tsjin" binne allegearre goed yn it ramt fan Wikipedy. 82.157.34.172

Dei 82.157.34.172, sa sil ik jo earst mar neame, jo hawwe josels ommers net as meidogger bekend makke. Jo hienen jo opmerking by fersin op myn meidoggersside setten, mar foar oerlis hawwe wy dizze Oerlisside. Ik haw jo opmerking dêrom efkes op dit plak setten. Tsja dy Carotta hat in omstriden opfetting, faak ropt soks fûle tsjinstanners en fûle meistanners op, elk siket syn eigen wierheid. Op himsels is soks net slim, de wrâld bestiet ommers net út ien wierheid. It is saak elkoar romte te jaan. De wikipedy hat hjir ek gjin miening oer, se wol allinnich beskriuwe. Sjoen de wizigings fan de lêste dagen en de skiednis op nl: oer Carotta liket it my tiid foar wat oerlis, en sok oerlis heart dan [hjir] thús. --Swarte Kees 3 maaie 2011, 10.06 (CEST)

(Be)lestich

Jûn Kees, ik wie fan doel in stikje te skriuwen oer de Vijf Speciën (histoaryske belesting). Mar, hoe set je speciën oer? Spesjen, spesiën, speesjen? Witte jo it? Drewes 15 maaie 2011, 22.38 (CEST)

Tsja, dêr neame jo wat: Speesjes soe de timmerman sizze, mar it komt der foar myn gefoel wol it tichtste by. Spesiën soe ek kinne of speciën stean litte. Fiel jo frij óf lis it foar oan it Taalburo fan de Fryske Akademy. Fan pduijff@fryske-akademy.nl hie ik lêstendeis binnen in dei antwurd. Groetnis, --Swarte Kees 15 maaie 2011, 22.51 (CEST)

Roelof en Marit Bouwmeester

Goeiejûn Swarte Kees Myn kompliminten foar it regeljen fan de ôfbylden goed wurk Gr, Wikiice 21 jun 2011, 21.51 (CEST)Beäntwurdzje

Strjitten yn Marrum

Goeiemoarn Kees, Soene jo binnenkoart ris nei dit artikel sjen kinne? Strjitten yn Marrum ik haw it idee dat it noch yn it Nederlânsk stiet. Gr Wikiice 24 jun 2011, 07.41 (CEST)Beäntwurdzje

Komt yn de bus,--Swarte Kees 24 jun 2011, 07.48 (CEST)Beäntwurdzje

Bosmanhûs

Dei Kees. Dat artikel op States en Stinzen fan Leemburg rattelt oan alle kanten. Ek dat Op't Veld-ferhaal haw ik fraachtekens by. Hawwe jo tafallich dat boek fan P.N. Noomen yn'e hûs? Dat moat Leemburg syn boarne wêze. Ik bin wol benijd nei Noomen syn boarnen. Goetnis Drewes 2 july 2011, 12.23 (CEST)

Dei Drewes, ik kin Leemburg wolris oanskriuwe, 'k haw in skoftlyn in soad kontakt mei de man hân en hy fynt it grif wol moai om wer ris yn de matearje te dûken. Soenen jo noch wat krekter oanjaan kinne wat der krekt rattelt yn it artikel? --Swarte Kees 2 jul 2011, 13.15 (CEST)Beäntwurdzje

Hoi Kees,

Myn fragen en opmerkings:

  • FC4; upt Felt gued yn 1511, (*1) Opfelde zaete yn 1543), dat yn 1698/1700 mei Wibalda ien gebrûksienheid foarme. - Fraach: hat dêr ea wol in pleats (fan belang) west, of wie it allinne lân? En: soe it Hûs Bosman dan as in fuortsetting yn de bouskiednis fan ‘up’t Felt gued’ beskôge wurde meie?
  • liet hy oan de noardside fan it doarp yn 1674 it hûs Bosman op in omgrêfte terrein mei (yn 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwe. - De beide Schotanuskaarten jouwe Hûs Bosman sûnder grêft oan de noardrâne fan de terp. Earst op de kadasterminút is de plaisiertún mei grêft en dobbe te sjen (Drewes hat beide noch kend), op it perseel efter it oarspronklike perseel dêr’t Hûs Bosman stie.
  • Leemburg syn beskriuwing fan de lizzing fan de bygebouwen doocht mar foar in part. De kadasterminút is dêr dúdlik oer (sjoch oerlis).
  • Sawol Herma van den Berg as Van der Aa hawwe gjin ferbân lein tusken Bosman en ’Opfelde zaete’ (mar dat seit net alles).
  • Mooglik hat hjirop de adfertinsje fan 1850 betrekking, wêryn ferkeap op ôfbrak oankundige wurdt fan in bûtenpleats yn Mitselwier (Wumkes H, 237). – Likernôch 1850 is der in nij wagen- en stalhuis (omskriuwing út 1900) boud op benei it plak fan de ‘broeibakken’ oan de súdgreft. Wêrom at it hûs der al ôf wie? It kin der ek neat mei te meitsjen hawwe wit ik wol, mar it makket my nijsgirrich.

Groetnis Drewes 2 jul 2011, 14.45 (CEST)Beäntwurdzje

Moai dúdlike fagen Drewes, nijsgjirrichheid is op't lêst eat dat ús as meidoggers driuwt. Ik haw Jan Leemburg niis oanskreaun, sa gau at ik wat hear lit ik it witte. Ik set dit Oerlis foar it gemak efkes ek by it Bosmanhûs, dan hoech ik der net alle kearen tusken te sitten. Groetnis, --Swarte Kees 2 jul 2011, 15.56 (CEST)Beäntwurdzje
Boppesteand Oerlis giet hjir fierder. --Swarte Kees 2 jul 2011, 16.01 (CEST)Beäntwurdzje
Tanke foar dyn muoite Kees. Drewes 2 jul 2011, 16.35 (CEST)Beäntwurdzje

sinjatuer/sinjatuur?

Soe it dêrom net slagje wolle. Om't ik it ferkeard skreaun ha?

Dat soe my sterk lykje, al kin ik dêr net goed oer oardiele --Swarte Kees 12 jul 2011, 08.16 (CEST)Beäntwurdzje

Wikiice 12 jul 2011, 08.11 (CEST)Beäntwurdzje

Wat it ek is se steane no wer op de wisklist. As ik der ea efter kom wêrom it net slagje wol. Doch ik wer ris in poging. gr, Wikiice 12 jul 2011, 08.18 (CEST)Beäntwurdzje

Drokte

Goeie Kees, Jo hawwe it grif drok, mar Abel fan Denemark, soe dat foar de Kryst noch wat wurde? Drewes 17 jul 2011, 16.57 (CEST)Beäntwurdzje

Abel hat foar de krystdagen Alfred Rust (Roest) útnoege..--Swarte Kees 18 jul 2011, 10.51 (CEST)Beäntwurdzje

Alde kaarten

Goeie Kees. De beide atlassen fan Schotanus en dy fan Eekhoff binne online te rieplachtsjen op Tresoar. Groetnis. Drewes 7 aug 2011, 22.03 (CEST)Beäntwurdzje

Reade Hoa(r)ne

Ik bin al tiden op syk nei de lokaasje fan Reade Hoarne oan de oare kante kop-Middelsee. Hat Gildemacher dêr ek wat oer? Yn 'e Wâlden 26 aug 2011, 12.17 (CEST)Beäntwurdzje

Heul apart, mar yn it boek stiet neat oer Reade Hoarne. Wy hawwe op de wikipedy al : dit, mar dêr giet it jo grif net om..(?) Groetnis, --Swarte Kees 26 aug 2011, 12.25 (CEST)Beäntwurdzje
Neffens wat ik ea lêzen haw, soe it útbuorrentsje op de tsjinoerstelde hoeke fan Swarte Hoanne (ea is fan Hoarne Hoanne makke) wêze moatte. Dus op de oare hoarne fan de middelsee. Dat read soe te krijen hawwe mei it stees plonderjen en yn brânstekken fan it buorrentsje troch ûnrant/kapers op see. Ik haw it spitigernôch - it is ommers in moai ferhaal - nea fine kinnen.Yn 'e Wâlden 26 aug 2011, 14.55 (CEST)Beäntwurdzje

fertaling

Midje, ûndersteande fraach hie ik ek al steld op de oerlisside mar dêr is noch gjin reaksje op kommen.

Dizze wike bin ik begûn mei it Gymnastyk op de Olympyske Simmerspullen mar no sit ik mei de fertaling fan in oantal wurden. Kin se net rjocht fyne in it wurdboek. Kin immen hjir ris efkes nei sjen?

It giet om:

  • Paard Voltige;
  • Tumbling; (salto's meitsje op in lange matte) sit sels sterk oan tûmmelje te tinken as fertaling.
  • Zijwaardse Sprong;

gr, Wikiice 25 sep 2011, 13.37 (CEST)Beäntwurdzje

It wie foar Zantema en Visser harren tiid dat dêr stiet it net yn.. Ik soe se sels leau'k mar stean litte, myn twadde kar ferfryske yn Foltiizje, Tommelje/Tûmelje en Sprong Sydwerts en as tredde in nij optocht wurd. Dan sille der wol Rerecten komme moatte. Jo soenen de fraach ekris oan dit Taalburo fan de Fryske Akademy foarlizze kinne: taalburo(apesturtsje)fa.knaw.nl; Hindrik sijens sil grif wol wat fan him hearre litte. Groetnis, --Swarte Kees 25 sep 2011, 14.03 (CEST)Beäntwurdzje
Ik soe foar foltiizje kieze. Analooch oan prestiizje. It tiidwurd prestearje ken eins twa haadwurdútgongen mei in eigen betsjutting, nammentlik prestaasje en prestiizje. Dat "voltige" giet oer wikseljen, krekt as foltaazje oer it wikselen fan de steam giet. Dan soene jo op foltiizjehynder/ hynderfoltiizje en it tiidwurd foltearje komme. Sa is de saak wer rûn. Yn 'e Wâlden 26 sep 2011, 16.38 (CEST)Beäntwurdzje
Tankewol foar de reaksjes :-) ik ha it oanpast, as immen noch wat tsjinkomt, graach in reaksje op Wikipedy oerlis:Putsje/Olympyske Spullen. - Wikiice 27 sep 2011, 08.16 (CEST)Beäntwurdzje

Willebrord fan Schaumburch

Dei Kees, ik kom der efter dat Willebrord fan Schaumburch deselde is as Wilwolt fan Schaumberch en stel foar de siden ynelkoar te skowen. Sille wy fan Willebrord mar in redirect meitsje? --Geoffrey 25 sep 2011, 13.57 (CEST)Beäntwurdzje

Bêst genôch, it wie my ûntgien. Fiel jo frij,--Swarte Kees 25 sep 2011, 14.04 (CEST)Beäntwurdzje

Artikels oer Snits

Jo hawwe it mar drok

 
Blomke foar it wurk oan de artikels oer Kategory:Snits

Wikiice 13 okt 2011, 09.40 (CEST)Beäntwurdzje

Hanenburch twaris

Soene jo in tuskenwiki meitsje wolle foar de namme Hanenburch? Hy is der as hotel yn Snits, mar hjoed hat ek it buorskip ûnder Feankleaster de offisjele buorden Hanenburch krigen.Yn 'e Wâlden 13 okt 2011, 19.54 (CEST)Beäntwurdzje
Hoe moat dat Kees? Drewes 13 okt 2011, 20.29 (CEST)Beäntwurdzje

Dien, hjir wie ferlet fan in trochferwiisside.--Swarte Kees 13 okt 2011, 22.53 (CEST)Beäntwurdzje
Tige tank.Yn 'e Wâlden 14 okt 2011, 11.23 (CEST)Beäntwurdzje

stavering

Moarn Kees, soesto de stavering foar my hifkje wolle yn de Grutte Fryske Oarloch en is it, it soen of de soen? Gr. --Geoffrey 23 okt 2011, 11.44 (CEST)Beäntwurdzje

Goeie, Geoffrey. IK sjopch der aanst nei iten wol efkes nei. Zantema hâldt it op 'de' soen, --Swarte Kees 23 okt 2011, 12.23 (CEST).Beäntwurdzje

Technology

Bêste Kees,

Ik ha de side Technology bewurke. Reden wie de dizenige taal en de nuvere ferbannen dy't der leinen. Neffens my hasto in part fan de ynformaasje fan de Nederlânske Wikipedy ôfhelle. Under de kop 'Algemeen' ha se wol hiele algemiene ynformaasje delset en ferbannen lein dy't lang net allegear hurd te meitsjen binne. Sa fûn ik dinkjes as technology en identiteit wol wat fier socht en hie nei myn betinken gaadliker west foar in opinystik yn in tydskrift (mei in wiidweidigere ûnderbouwing). Miskien wolsto de side no nochris neilêze en sjen oft der ek noch wat dinkjes better (dúdliker) kinne. No hoopje ik fansels wol dat it sa better is ;-) Groetnis --Kening Aldgilles 30 okt 2011, 20.58 (CET)Beäntwurdzje

Dei Aldgillis, it stikje is der aardich fan opknapt. 'k Hie yndie hast alles oersetten fan nl: De list mei foar in Wikipedy needsaaklike ûnderwerpen wie destiids sá lang dat ik oan redaksjewurk net takomd bin. Ik wie al bliid dat dy list mei ûnderwerpen klear wie (Klear wie Kees..). Moai dat jo der no wat better nei sjoen hawwe. Groetnis, --Swarte Kees 30 okt 2011, 21.28 (CET)Beäntwurdzje

Doëngastate

Bêste Kees. Op de oerlisside frege ik: lykas op in soad oare plakken om de eardere Middelsee ek bard is. - Soe it net hjir Lauwerssee wêze moatte (fansels jildt it ek foar de Middelsee)? Drewes 1 nov 2011, 18.29 (CET)Beäntwurdzje

Dei Drewes, ja, ik hie it wol lêzen, mar wit der eins neat oan by te dragen. It is wol sa dat in soad polders om de Middelsee troch de mûntsen droechlein binne. Oft se ek polders om de Lauwerssee oanlein hawwe soe ik net witte.--Swarte Kees 1 nov 2011, 18.34 (CET)Beäntwurdzje
Kees. De muontsen fan Gerkeskleaster hawwe harren grif net dwaande hâlden mei ynpolderjen fan parten fan de Middelsee. Har kleaster lei ommers sawat oan de Lauwerssee, dêr't it wetter fan har stee geregeldwei bedriigje moatten hat. It soe my gjin nij dwaan at it besteansrjocht fan it Gerkeskleaster no krekt bestie út it oanwinnen fan lân (fean op klaai) op de útrinners fan de Lauwerssee. Faaks hie Leemburg in minne nacht hân doe't er syn stikje skreau. Gr. Drewes 1 nov 2011, 19.06 (CET)Beäntwurdzje
Jûn Drewes. No leau ik net dat de relaasje mei dyselde mûntsen bedoeld wurdt. Yn it stikje is mear sprake fan in algemiene fergeliking mei it polderwurk fan mûntsen yn it algemien. Dat ynpolderwurk is yn Fryslân benammen bekend troch de polders om de Middelsee hinne. Faaks moat it wat dúdliker omskreaun wurde yn it stikje.--Swarte Kees 1 nov 2011, 19.14 (CET)Beäntwurdzje

Wikipedia article traffic statistics

Hoi Kees, sjoch hjir [1], de moast lykwols yn de brouwser de namme fan it artikel feroarje. De Fryske taal stiet net yn it pop-upke. Gr. --Geoffrey 1 nov 2011, 20.03 (CET)Beäntwurdzje

Danke Geoffrey, in nijsgjirrige side, en nea witten dat dy bestie. 'k Sil der earstdeis ris better nei sjen.--Swarte Kees 1 nov 2011, 23.02 (CET)Beäntwurdzje

Fernijde haadside en in fernijd haadtema

Ik ha in de haadside en it haadtema fernijd. Sjoch ek de diskusje op de oerlisside. Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 25 nov 2011, 14.10 (CET)Beäntwurdzje

Willem Barents

Hoi Kees, soesto de stavering hifke wolle fan Willem Barents? Ik haw it artikel fieder útwreide mei benammen ynfo fan :nl en soe der graach in side fan de wike fan meitsje. --Geoffrey 27 nov 2011, 17.40 (CET)Beäntwurdzje

In kâld bierke foar dy!

 
Sa! Dy hasto wol fertsjinne nei al it bywurkjen en skiftsjen fan de Wikipedy:Listen!

Mei freonlike groetnis --Kening Aldgilles 28 nov 2011, 21.58 (CET)Beäntwurdzje

Ik slút my hjir folslein by oan. Wikiice 29 nov 2011, 09.46 (CET)Beäntwurdzje

Mystyk

Jûn Kees, soesto de side Mystyk ek nochris hifkje wolle? Gr. --Geoffrey 15 des 2011, 22.46 (CET)Beäntwurdzje

Konsept temasiden

Bêste Kees,

Ik ha efkes mei dyn konsept temasiden dwaande west. Ik ha myn krityk [[Oerlis:Tema:Haadtema|hjir]] delset. Miskien kinsto der sels efkes nei sjen en dan tegearre ien foar ien de temasiden ferbetterje? It is wol sa dat de temasiden bêst skoattele wurde kinne. De ûnderdielen dy't út en troch bewurke wurde moatte kin ik dan wol mei in apart berjocht nei de temaside ta keppelje. Dy berjocht skoattelje ik dan net en kinne fan elkenien bewurke wurde. Groetnis --Kening Aldgilles 30 des 2011, 16.48 (CET)Beäntwurdzje

Kategory: Frysk Reedrider

Goeiemiddei,

Wêrom ha jo de kategory Frysk Reedrider leeghelle?

Gr, Wikiice 3 jan 2012, 13.54 (CET)Beäntwurdzje

Dei Wikiice, In reedrider is ien dy't op redens rydt en 'Frysk reedrider' bestiet neffens my net. Is it ien dy't yn Fryslân berne is? (mar as it berteplak net bekend is, wat dan..) Of is it ien dy't no yn Fryslân wennet? En wurdt dy Frysk rider-ôf as dejinge straks wer bûten Fryslân wennet? Of is it ien dy't Frysk praat? Of is it ien dy't yn de Fryske jeugdploech riden hat? Of ien dy't in Fryske namme hat? Is ien út de Stellingwerven in Frysk rider? In dúdlike grins is ferhipte min te lûken. Mar, en dat wie de haadreden: no't der hieltiten mear riders by Thialf trene en tydlik wenje om it Hearrenfean hinne ( in foarbyld is Margot Boer, mar der binne wol mear) is it meitsjen fan ûnderskied hast net te dwaan. En as Jorrit Bergsma foar Kazachstan riden hawwe soe, is hy dan noch in Frysk Reedrider? Om gjin ûnderskied meitsje te hoegen ha'k se dêrom allegear "Reedrider" neamd en sitte se allegear yn ien Kategory. Mar as jo in goed ûnderskied meitsje kinne fyn ik it bêst, der moatte ommers net tefolle minsken oer de Kategoryen gean oars wurdt it in soadsje. iel jo frij,

Groetnis, --Swarte Kees 3 jan 2012, 19.32 (CET)Beäntwurdzje

Ik gean altyd út fan berne yn Fryslân en dêr lûk ik de grins. Al meitsje ik wolris in útsûndering foar guodens dy't berne binne bûten Fryslân mar Fryske alden hawwe. Want oars soe de Nederlânske reedrider ek net bestean ensf... Gr, Wikiice..

Goeie Kees,

Kwa Carotta haw ik in ekstra byld der tusken nifele en om't ik tocht dat der oars tefolle plaatsjes yn steane, haw ik ien fuort litten. Ik haw no ^under de bylden in ^underskrift skreaun. Sjoch nochris nei de arguminten fan Adelheid op de diskusjeside. Neffens my is it POV, allegearre s^under boarnen en suggestyf en ad hominem. Ik soe ' twifel' fuortlitte, krekt as de Ingelske en Dútske Wp.

Rjochtenútfierder

Hoi Kees, Ik bin kwalik noch aktyf op WikipedY, mar bin noch al [Rjochtenútfierder] (burokraat op oare wiki's). Net dat ik dêr fan te lijen haw, mar ik liket my better as ien fan de wól aktive brûkers dat finkje efter de namme kriget. Faaks wolle jimme efkes oerlizze wa't dat wurde moat(te). Bauke

Dei Bauke, jo kinne soks better efkes op de Oerlisside mei de oare behearders beprate.--Swarte Kees 8 jan 2012, 22.52 (CET)Beäntwurdzje

De Nederlannen

Goeie,

Hjoed ha boartsjende bern oan it artikel De Nederlannen sitten, Ik haw it al probearre werom te draaien. Soene jo efkes sjen kinne as dat goed gongen is? Gr. Wikiice 9 jan 2012, 17.16 (CET)Beäntwurdzje

'k Ha der niis efkes nei sjoen, it soe no goed wêze moatte.--Swarte Kees 9 jan 2012, 17.29 (CET)Beäntwurdzje

In de krant

Beste Swarte Kees, aan Luxwoude ben ik helaas nog niet toegekomen. Ik wilde je hierbij echter wijzen op dit overlijden. Misschien goed om te verifiëren en dan zijn artikel hier aan te vullen?
Met vriendelijke groet, Notum-sit 9 jan 2012, 22.24 (CET)Beäntwurdzje

Hendrik Gosses de Jong echtg. van Adeleid Janssen is Fyntyn. Drewes 9 jan 2012, 23.38 (CET)Beäntwurdzje
It giet hjir yndie om Fyntyn, syn widdo hat it befêstige.--Swarte Kees 10 jan 2012, 16.32 (CET)Beäntwurdzje
Sjoch Wikipedy:Oerlisside#Ferstoarne_meidoggers. Groetnis --Kening Aldgilles 14 jan 2012, 01.05 (CET)Beäntwurdzje

List fan musea yn de provinsje Fryslân

Bêste SK,

Ik haw de namme fan de side List fan Fryske museu feroare yn List fan musea yn de provinsje Fryslân. As it inkeld Fryske musea wêze soenen hie de list wol folle grutter west. Groetnis --Kening Aldgilles 15 jan 2012, 21.20 (CET)Beäntwurdzje

Jo ha gelyk, mar 'provinsje'kin der wol tuskenút, dus 'List fan musea yn Fryslân'. --Swarte Kees 15 jan 2012, 21.21 (CET)Beäntwurdzje
Soe de list folle langer west ha as it om 'Fryske musea' giet? As jo of oaren my noch oan oare musea yn Fryslân helpe kinne, hiel graach, want ik meinde dat ik se sa stadichoan sawat allegear hie.--Swarte Kees 15 jan 2012, 21.33 (CET)Beäntwurdzje
'Fryslân' is in Europeeske regio dy't folle grutter is as ús provinsje. Ik bin dêrom fan betinken dat net ien dy namme samar ta-eigenje mei. Dat de provinsje dat wol docht is fan lyts belang, de wittenskip stiet ommers los fan politike besluten. Om betizing foar te kommen is it meitsjen fan in ûnderskie belangryk.
De list soe neffens my in aardich stik langer wurde as alle Fryske musea derop komme soenen. Earst mar per gebiet (provinsje Fryslân, Noard-Fryslân ensafh.) en letter mar fierder sjen. Groetnis --Kening Aldgilles 15 jan 2012, 21.39 (CET)Beäntwurdzje
Net om it ien oft oar, mar dan soenen de "List mei.... Heechste gebouwen/Joadske begraafplakken/fuotbalferienings/Gemeenteflaggen/Wetternammen", en sa noch wol in rychje, allegear it efterheaksel ...."yn de provinsje Fryslân" hawwe moatte..En dat net allinnich: elke kear as wy it oer in Fryske hurdrider hawwe soenen, soe dat in "hurdrider út de provinsje Fryslân" wurde moatte en wurdt in "Frysk akteur" dan in "akteur út de provinsje Fryslân"? Fan my mei it, mar it is net wurkber, --Swarte Kees 15 jan 2012, 23.00 (CET)Beäntwurdzje

Slach by Bomstersyl

Jûn Kees, asto der tiid oan hast, soesto dan de stavering fan dizze side eefkes hifkje wolle. Gr --Geoffrey 25 jan 2012, 22.30 (CET)Beäntwurdzje

Moddergatske Buma's

Goeie Kees. Moddergatske rêdingsboaten wol ik wol wat oer skriuwe no't jo it op it aljemint bringe, mar net ear't ik dêr in plaatsje fan haw! Frysk Skipfeartmuseum hat in plaatsje wit ik en jo hawwe konneksjes mei dy lju. Moat foar alle kykjes apart tastimming frege wurde? Gr. Drewes 27 jan 2012, 20.29 (CET)Beäntwurdzje

Ja foar elk plaatsje is tastimming nedich. Ik sil Meindert Seffinga wol efkes oanskriuwe. --Swarte Kees 27 jan 2012, 21.22 (CET)Beäntwurdzje
Earst mar tige tank. Drewes 27 jan 2012, 21.26 (CET)Beäntwurdzje
It Skipfeartmuseum hat gjin printsjes fan de Moddergatske reddingsboat. Harren advys is om efkes kontakt op te nimmen mei de minsken fan Museum It Fiskershúske.--Swarte Kees 30 jan 2012, 18.34 (CET)Beäntwurdzje

Grenoble

anonymously, but better version for this page : Grenoble.

90.37.114.73 13 feb 2012, 22.42 (CET)Beäntwurdzje

Dat sizze jo wol, mar soks is in kwestje fan smaak. Wy binne hjir net wend dat guons der sûnder oerlis samar yn batse mei feroarings.--Swarte Kees 13 feb 2012, 22.46 (CET)Beäntwurdzje

Frysk Kampioenskip Hurdfytsen

Sjocht der mar kreas út. Wikiice 21 feb 2012, 14.13 (CET)Beäntwurdzje

Commons

Dei Kees, ter ynformaasje: op Commons hat immen in fraach oan my steld, wêr't jo faaks ek wol op reageare wolle (sjoch hjir). Groetenis, Wutsje 23 mrt 2012, 19.45 (CET)Beäntwurdzje

(in man in man, in wurd in wurd).

Eemsmond

Goeie Kees,
Wy skriuwe al Iemsmûn. Jo hawwe it allegeduerigen oer Eemsmond. Dy earste doocht grif net. Ien fan beide: Iemsmûning of Eemsmond? Groetenis. Drewes (talk) 30 mrt 2012, 18.06 (CEST)Beäntwurdzje

Wat net doocht, soe ferbettere wurde moatte. As in Fryske namme ynboargere is, lykas Dimter, soe de Fryske namme oanhâlden wurde moatte (mar dat is in persoanlike miening, Aliter sjocht dat bygelyks oars). As de Grinslanner namme Frysk oandocht nim ik dy Grinslanner namme wolris oer. Mar ien line lûke falt net ta op dit flak.--Swarte Kees (talk) 30 mrt 2012, 18.36 (CEST)Beäntwurdzje
Yn't generaal mei jo iens op dat mêd. Iemsmûn(ing) is grif by ús net wenst, de gemeente hat ommers benei gjin skiednis. Dat ik haw gjin muoite mei Eemsmond. Drewes (talk) 30 mrt 2012, 18.47 (CEST)Beäntwurdzje

Alfred Rust

Goeie Kees, ik wie it stikje fergetten. Fraach: myn Dútsk is in soarte fan Bargedútsk, soene jo it oersetten dien meitsje wolle? Groetenis, Drewes (talk) 1 apr 2012, 15.33 (CEST)Beäntwurdzje

Myn Dúts wurdt troch de bargen net iens ferstien,--Swarte Kees (talk) 1 apr 2012, 15.58 (CEST)Beäntwurdzje

Temasiden2

Sjoch Oerlis Aldgilles: hjirre.

waard stiften of waard stifte

Jûn Kees, wat is no de goeie stavering: is it: "it doarp waard stiften" of "it doarp waard stifte". --Geoffrey (talk) 22 apr 2012, 21.28 (CEST)Beäntwurdzje

Ik soe sizze stifte, de ekstra -n liket my in Hollânsk ynslûpsel dat der by my ek gauris ynslûpt...--Swarte Kees (talk) 22 apr 2012, 23.22 (CEST)Beäntwurdzje
Zantema seit stifte. Drewes (talk) 23 apr 2012, 17.52 (CEST)Beäntwurdzje

Hagemann

Tige tank. Drewes (talk) 2 maaie 2012, 19.58 (CEST)

Noed

Kees wie fan 2007-2012 aktyf op dizze wikipedy? Dat soe my bot muoie. Drewes (talk) 8 jun 2012, 15.56 (CEST)Beäntwurdzje

Spitich. --Geoffrey (talk) 8 jun 2012, 17.09 (CEST)Beäntwurdzje
Foar de Fryske Wikipedia soe it tige spitich wêze. Wit immen hjir mear fan?Yn 'e Wâlden (talk) 12 jun 2012, 11.00 (CEST)Beäntwurdzje
Dat soe yndied tige spitich wêze!!! MeinRei (talk) 12 jun 2012, 12.32 (CEST)Beäntwurdzje
Wêrom net mear aktyf? Kom gau wer online, soe ik sizze! Dyn bydragen hawwe ús Wikipedy hiel bot holpen. Groetnis --Kening Aldgilles (talk) 13 jun 2012, 18.27 (CEST)Beäntwurdzje

Flagge Vriendenkring van Oosthem en Nijezijl

Dizze flagge is makke yn opdracht fan de "Vriendenkring van Oosthem en Nijezijl" troch de Hr terluin ut beetsterszwaag, ik soe graach sjen dat dat troch jimme fermelden wurd, sa dat alles en eltsenien rjocht dyn wurd!

Groetnis Arie Hitzert, nammens de VHON

Blindevink

Beste Kees.

Allereerst excuses dat ik u in het barbaarse Nederlands benader. Mijn kennis van het Fries schiet helaas zwaar tekort en gaat niet veel verder dan woorden als (~fonetisch) klunen, fierlejeppen, ontsjen, jiskefet, tsjoch, heit en mem. Ik verbaas mezelf dat ik boven een handvol uitgekomen ben. Wordt blindevink in het Fries echt in navolging van de Angelsaksen los gespeld? Kan best. In nl:Blindevink is dat ook lange tijd onterecht zo geweest.

Eetse Berjocht:Smiley ZeaForUs (talk) 9 okt 2012, 19.19 (CEST)Beäntwurdzje

Blinefink hie it wêze moatten Kees. ~Kin je fan tinken wol hawwe. Drewes (talk) 9 okt 2012, 19.48 (CEST)Beäntwurdzje

Langernôch duorre

Bêste Kees,

As jo meiïnoar gearwurkje (moatte) giet soks fansels lang net altiten like goed. En somtiden bokt it slim. Mar oan hurde wurkers hat ús wikipedia no ienris altiten fierstente koart. As jo dit stikje lêze, dan soene jo nochris oerwaagje kinne en pak jo wurk hjir wer op.Yn 'e Wâlden (talk) 10 okt 2012, 11.18 (CEST)Beäntwurdzje

Ik slút my fan herte by de Wâldman oan! Groetnis Drewes (talk) 10 okt 2012, 17.11 (CEST)Beäntwurdzje

Verdronken land van Saeftinghe pagina

Beste Kees, helaas spreek ik geen Fries... Wel heb ik de Nederlandstalige website afgelopen half jaar sterk uitgebreid. Mocht je tijd en energie hebben om deze naar het Fries te vertalen zou ik dat erg leuk vinden: http://nl.wikipedia.org/wiki/Verdronken_Land_van_Saeftinghe

B.v.d. met vriendelijke groet, Saeftinghe kenner (talk) 5 mrt 2013, 11.09 (CET)Beäntwurdzje

Werom nei de meidoggerside fan "Swarte Kees/Argyf6".