James Cook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bewurkings fan "95.97.22.80" (oerlis) werom set ta de ferzje fan "SamoaBot".
Rigel 10:
Yn Ingelân waarden plannen makke foar in wittenskiplike ekspedysje nei de [[Grutte Oseaan]]. De reis hie as doel de ôfstân te berekkenjen tusken ierde en sinne en it sykjen nei [[Terra Australis]]. Om de ôfstân útrekkenje te kinnen wie it fan belang op [[3 juny]] [[1769]] in astronomysk ferskynsel, de [[Fenusoergong]] op Tahity mei te meitsjen.
 
Kaptein Cook waard útkeazen om hetde kippeneiekspedysje te enlieden feardy't neiút itin sudengrutte oantgroep 40°SBwittenskippers bestie, marte ûntdiekwitten gjinnatoerûndersiker lân.[[Joseph Hy kearde werom oant hyBanks]], de kust fanastronoom [[Nij-SeelânCharles Green]] berikte, dy'tde albiologen earder[[Daniel ynSolander]] 1643en troch[[Hermann deSporing]] en Nederlannertekener [[AbelAlexander TasmanBuchan]]. ûntdutsen wie.It Trochskip himdat waardenfoar de kustenekspedysje fanbrûke beidewaard eilannenwie alhielde yn[[HMS kaart brochtEndeavour]].
 
Cook gie op [[30 july]] [[1768]] út [[Deptford]] wei, sylde om [[Kaap Hoarn]] hinne en fear yn noardwestlike rjochting nei [[Vahitahi]] en ferfolgens nei [[Tahity]], dêr't mei de sukses de Fernusoergong waarnimmen waard. In grut tal eilannen waarden besocht en it planten en dierelibben ûndersocht.
Dêrnei fear hy wer nei it westen mei as doel [[Tasmaanje]] te berikken, mar troch de wyn sylde hy noardliker en berikte de eastkant fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] by [[Port Hicks]]. Hy folge de kust nei it noarden, ûntdiek [[Botany Bay]] en [[Port Jackson]] en neamde it gebiet [[Nij-Súd-Wales]]. Fierder nei it noarden rekke it skip lek doe't hy op in part fan it [[Grut Barriêrerif]] stjitte, mar Cook slagge deryn it skip farrende te hâlden en de kust te berikken sadat it reparearre wurde koe. Hy stelde fêst dat Austraalje en Nij-Seelân troch in see fan elkoar skieden wienen en kearde fia [[Batavia]] en om [[Kaap de Goede Hoop]] werom nei it Feriene Keninkryk. Op 12 july [[1771]] arrivearre hy by [[Dover]].
 
Dêrnei folge Cook syn reis op siik nei it heimsinnige Terra Australis en fear nei it suden oant 40°SB, mar ûntdiek gjin lân. Hy kearde werom oant hy de kust fan [[Nij-Seelân]] berikte, dy't al earder yn 1643 troch de Nederlanner [[Abel Tasman]] ûntdutsen wie. Troch him waarden de kusten fan beide eilannen alhiel yn kaart brocht.
 
Dêrnei fear hy wer nei it westen mei as doel [[Tasmaanje]] te berikken, mar troch de wyn sylde hy noardliker en berikte de eastkant fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] by [[Port Hicks]]. Hy folge de kust nei it noarden, ûntdiek [[Botany Bay]] en [[Port Jackson]] en neamde it gebiet [[Nij-Súd-Wales]]. Fierder nei it noarden rekke it skip lek doe't hy op in part fan it [[Grut Barriêrerif]] stjitte, mar Cook slagge deryn it skip farrende te hâlden en de kust te berikken sadat it reparearre wurde koe. Hy stelde fêst dat Austraalje en Nij-Seelân troch in see fan elkoar skieden wienen en kearde fia [[Batavia]] en om [[Kaap de Goede Hoop]] werom nei it Feriene Keninkryk. Op 12 july [[1771]] arrivearre hy by [[Dover]].
 
== Twadde reis ==
[[Ofbyld:Hodges, Resolution and Adventure in Matavai Bay.jpg|thumb|250px|De skippen fan Cooks twadde reis op Tahity]]
De twadde reis fan Cook stie lykas de earste reis foar it grutste part yn it teken fan de syktocht nei it ''[[Terra Australis]]''. Diskear krige hy de beskikking oer twa skippen, de ''Resolution'' dêr't hy sels op foer en de ''Adventure'' en der fearen 193 manlju mei.
 
Cook fear op [[13 july]] [[1772]] út [[Plymouth (Ingelân)|Plymouth]] wei en fia [[Kaapstêd]] gie de reis op it suden oan. Safier bekend waard op dy reis foar de earste kear oer de [[Súdpoalsirkel]] hinne gien en kamen hja oant 67°15' suderbreedte. Cook ûntduts gjin lân, alhoewol't er nei no bliken docht oant inkele kilometers [[Antarktika]] tichterby kommen wie. Dêrnei sette er ôf op syk nei de [[Kerguelen]], wêrby't de beide skippen elkoar kwyt rekken. Dat sa'n situaasje foarfalle koe wie al rekkening mei hâlden en beide skippen moetsje elkoar wer by [[Nij Seelân]].
 
Tegearre fearen de skippen fierder nei it easten sûnder lân tsjin te kommen en ferfolgens gie de reis nei [[Tahity]]. Oer [[Tonga]] kearden hja werom nei Nij-Seelân dêr't de skippen opnij it kontakt ferlearen. Diskear slagge it net elkoar wer te finen. De Adventure kearde dêrnei werom nei Ingelân. Cook fear yn súdwestlike rjochting en stiek opnij de poalsirkel oer. Ferfolgens fear hy eastoan lâns it pakiis en berikte de súdlike breedte fan 71°10', wat oant 1841 de súdlikste breedte bliuwe soe dat troch minsken berikt wie. Cook kearde nei oardeheal moanne by it iis lâns fearn te hawwen werom nei Tahity, ûnderweis besocht hy noch [[Peaske-eilân]] en brocht de [[Markwesaseilannen|Markwesas]] yn kaart, dy't sûnt [[Alvaro de Mendaña de Neira|Mendaña]] (1595) foar safier bekend net mear troch Jeropeanen sjoen wienen. Nei syn besyk oan de [[Selsskipeilannen]] ferkende hy Tonga en de [[Nije Hebriden]]. Hy ûntduts [[Nij-Kaledoanje (eilân)|Nij-Caledoanje]] en brocht it yn kaart. Ferfolgens fear hy nei it easten nei [[Fjoerlân]].
 
Begjin 1775 ûndersocht Cook it suden fan de [[Atlantyske Oseaan]] en ûntduts [[Súd-Georgia en de Súdlike Sandwicheilannen]]. Fia opnij [[Kaapstêd]] kearde hy werom nei Ingelân en kaam op 29 july [[1775]] oan yn Plymouth.
 
Mei syn twadde reis hie Cook foargoed fêststelt dat [[Terra Australis]] net bestie en wie hy deryn slagge, yn in tiid dêr't it normaal wie dat op in lange reis in tredde oant de helte fan de skipslju stoar, mar 4 man te ferliezen, wêrfan gjin ien oan [[skuorbûk]]. Hy brûkte [[soerkoal]] as boarne foar [[fitamine C]] foar syn manlju.
 
{{stobbe-skiednis}}
 
{{DEFAULTSORT:Cook, James}}
[[Kategory:Britsk seefarder]]
[[Kategory:Britsk ûntdekkingsreizger]]
[[Kategory:Kartograaf]]
 
{{Link FA|he}}
{{Link FA|ia}}