Eastersk-otterdoksy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanfolling
L +
Rigel 2:
De '''eastersk-otterdoksy''', ek wol wat misliedend de '''Eastersk-Otterdokse Tsjerke''' neamd, of, wat korrekter, de '''eastersk-otterdokse tsjerken''', is ien fan 'e fjouwer haadstreamings binnen it [[kristendom]], mei 225 oant 300 miljoen leauwenden wrâldwiid, mar konsintrearre yn [[East-Jeropa]], op 'e [[Balkan]] en yn it [[Midden-Easten]]. De eastersk-otterdoksy wurdt beliden troch de mearderheid fan 'e (religieuze) ynwenners fan [[Abgaazje]], [[Bulgarije]], [[Georgje]], [[Grikelân]], [[Masedoanje]], [[Moldaavje]], [[Montenegro]], de [[Oekraïne]], [[Roemeenje]], [[Ruslân]], [[Servje]], [[Syprus]], [[Súd-Osseesje]], [[Transnistrje]] en [[Wyt-Ruslân]], wylst der wichtige eastersk-otterdokse minderheden besteane yn [[Albaanje]], [[Bosnje-Hertsegovina]], [[Egypte]], [[Estlân]], [[Finlân]], [[Irak]], [[Israel]], [[Kazachstan]], [[Kosovo]], [[Kroaasje]], [[Letlân]], [[Libanon]], [[Litouwen]], de [[Palestina|Palestynske gebieten]], [[Poalen]], [[Syrje]], [[Slowakije]], [[Tsjechje]] en [[Turkije]].
 
De eastersk-otterdoksy wurdt opmakke út in hiele rige fan tsjerkegenoatskippen, elkmis geografysk en nasjonaal ûnderskaat, mar [[teology]]sk feriene yn 'e saneamde '''Eastersk-Otterdokse Kommuny'''. De selsbestjoerende ([[autosefaal|autosefale]]) tsjerken falle faak gear mei ien lân en folk (lykas de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke]], de [[Georgysk-Otterdokse Tsjerke]] en de [[Servysk-Otterdokse Tsjerke]]), en wurde bestjoerd troch in komitee fan biskoppen dat de Hillige Synoade neamd wurdt. De leden fan sa'n Hillige Synoade kieze út harren fermidden ien as symboalyske earste ûnder syn gelikensens, dy't (alteast yn 'e gruttere tsjerken) de titel fan '[[patriarch]]' kriget. De measte eastersk-otterdokse tsjerken erkenne de oekumenyske patriarch fan Konstantinopel as it symboalysk haad fan 'e hiele eastersk-otterdoksy.
 
De eastersk-otterdokse tsjerken beskôgje harsels as de fuortsetting fan 'e "iene, wiere, hillige, katolike en apostoalyske tsjerke", dy't 2000 jier lyn fêstige waard troch de [[apostel]]s fan [[Jezus Kristus]]. Se neame harsels ek wol "apostoalysk otterdokse katolike tsjerken". It wurd "otterdoks" wol safolle sizze as 'goede oanbidding' en 'krekte lear', en wurdt yn dy sin ek wol brûkt as oar wurd foar 'rjochtsinnich' of 'strang yn 'e lear'. De eastersk-otterdoksen oanfurdzje inkeld de [[dogma]]'s dy't fêstlein binne yn 'e earste sân oekumenyske [[konsily|konsyljes]].