Fulda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 50 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q3963
Aliter (oerlis | bydragen)
L -e
Rigel 27:
 
==Skiednis==
Fulda ûntstie yn [[744]] by it fanwege [[Bonifatius]] troch [[Sturmius]] stichte [[beneditinen|benediktiner]] kleaster. De bysetting fan de ûnder [[Dokkum]] deadiene [[biskop]] yn de [[abdij fan Fulda]] makke fan de stêd in wichtich [[beafeart]]plak. Yn dy snuorje waard ek de [[romaanske arsjitektuer|romaanske]] [[Sint-Michaëltsjerke (Fulda)|Michaelstsjerke]] (818-822) set, ien fan de âldste tsjerken yn Dútslân. Bonifatius' [[Relikwy|reliken]] wurde bewarre yn de [[kryptekrypt]] ûnder de dom, dy't letter boud is.
 
Fulda rekke swier skansearre ûnder de [[Tritichjierrige Oarloch]], mar yn de [[18e ieu]] belibbe de stêd in nije bloeitiid, dy't de stêd fan no har barokke foarkommen joech. De [[Dom fan Fulda|dom]] (1704-1712) datearret út dat tiidrek, lykas ek it stedspaleis en de [[oranjery]]. Yn dy tiid hie Fulda ek in universiteit, dy't oant 1805 bestien hat. It [[prinsbisdom Fulda]] waard yn [[1803]] sekularisearre ta [[foarstendom Fulda|foarstendom]] en oan [[Willem I fan de Nederlannen|Willem Frederik fan Oranje-Nassau]] (de lettere kening Willem I) tawiisd, mar waard him al yn [[1806]] wer ôfnaam. Yn [[1866]] waard it anneksearre troch [[Prusen]].