Skiednis fan It Amelân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Aliter (oerlis | bydragen)
Frijhear
Rigel 21:
Doe't yn [[1652]] de [[Earste Ingelske Oarloch]] útbruts tusken de [[Republyk fan 'e Feriene Provinsjes]] en de [[Ingelske Republyk]], stjoerde [[Watse van Cammingha]] in brief oan [[Oliver Cromwell]], om dy derop te wizen dat It Amelân in ûnôfhinklike en neutrale steat wie. Sa bleau It Amelân bûten de Earste Ingelske Oarloch (1652-1654) en ek yn 'e [[Twadde Ingelske Oarloch|Twadde]] (1665-1667) en de [[Trêde Ingelske Oarloch]] (1672-1674) wie it neutraal.
 
Yn [[1681]] kaam de jonge [[Frâns Doeke van Cammingha]] hommels te ferstjerren en stoar it geslacht ynienen út. Syn mem, [[Rixt van Donia]], de widdo fan Watse van Cammingha, regearre noch in jier, mar yn [[1682]] ferstoar sy ek. Dy "Frouwe Rixt" is fanwegen alles dat se foar de Amelânske befolking dien hie, noch lange tiid tige populêr bleaun op it eilân. Nei it útstjerren fan it [[geslacht Van Cammingha]] kaam It Amelân troch fererving yn it besit fan it geslacht [[Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg]], in fan oarsprong Dútske aadlike famylje dy't har yn 'e sechstjinde ieu yn Fryslân nei wenjen set hie en yn 'e lêste helte fan 'e santjinde ieu al hielendal ynboargere wie. Yn [[1704]] ferkochten hja It Amelân lykwols foar 170.000 Carolusgûnen oan 'e Fryske steedhâlder [[Johan Willem Friso]], dy't yn [[1702]] troch it útstjerren fan 'e Hollânske steedhâlders prins fan Oranje wurden wie. Sa komt it, dat [[keninginnekening BeatrixWillem-Alexander]] harhim hjoed de dei noch altyd erf- en frijfrouwefrijhear fan It Amelân neame mei.
 
== Moderne Tiid ==