Merakelspul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L red
L sa eaget de yndieling wat freonliker
Rigel 1:
In '''merakelspul''' is in literêr sjenre en in foarm fan [[toaniel]] dy't benammentlik yn 'e [[Midsieuwen]] in protte brûkt waard en fuortkaam út it [[liturgysk toaniel]].
 
== =Oarsprong ===
De yn 'e Midsieuwen withoe machtige [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] fersette him yn 't earstoan ferheftich tsjin folksfermaak en strjitkeunsten, dy't troch de geastlikheid as te útskroeven beskôge waard en as ôflieding fan wat echt wichtich wie, nammentlik it [[leauwe]]. Mar meitiid saksearre dy wjerstân almar mear, oant yn 'e [[Lette Midsieuwen]] hieltyd faker strjitmuzikanten en toanielspilers ynset waarden by fierings en prosesjes fan 'e Tsjerke. Dat makke sokke rituëlen ynteressanter foar de befolking; it waard dus brûkt as lokkebrea om 'e leauwenden yn 'e tsjerken te krijen. Uteinlik kaam dêr ek wer in krieming op, mei't de tsjerklike otterdoksy stadichoan begûn te finen dat sok liturgysk toaniel syn doel foarby skeat en in te wichtich plak yn 'e tsjerketsjinsten begûn yn te nimmen. Dêrop ferpleatste it him nei de strjitte, dêr't it him ûntjoech ta merakelspullen.
 
== =Karakter ===
Merakelspullen hiene sadwaande in sterk religieuze lading. By de ûntknoping spilen de [[Faam Marije]] en/of oare [[hillige]]n in wichtige rol troch te soargjen dat it ferlern like libben fan sûnders dochs noch te'n goede kearde. Huzen en strjitten foarmen it dekôr fan dit soarte fan toanielstikken.
 
== =Talen ===
Merakelspullen binne oerlevere in ferskaat oan talen, mei dêrûnder [[Ingelsk]], [[Frânsk]] en [[Dútsk]]. Wat it [[Nederlânsk]] oanbelanget, is ''[[Mariken van Nieumeghen]]'' fierwei it bekendste merakelspul.