Epos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L red
L sa eaget de yndieling wat freonliker
Rigel 2:
In '''epos''' (fan it [[Gryksk]]e ἔπος, ''epos'', dat "wurd", "ferhaal" of "gedicht" betsjut), '''epysk gedicht''' of '''epyk''' is in literêr sjenre yn 'e foarm fan in lang ferheljend [[gedicht]], dat yn 'e regel in earnstige ferhaalstof omfettet, lykas de dieden fan in beskate held of de foarfallen út 'e skiednis fan in kultuer of folk.
 
== =Oerlevering ===
In epos kin skriftlik fêstlein wêze, mar kin ek [[oerlevering|mûnling oerlevere]] wurde. Yn 'e oarsprong waarden alle epossen mûnling oerlevere, en fan alle skriftlike literêre sjenres hat it epos noch it meast mei de oerlevering gemien. De earste, oarspronklike epossen wurde ''primêre'' of ''orizjinele epossen'' neamd; dy fan letter datum, dy't dêrop weromgripe, binne de ''sekundêre'' of ''literêre epossen''.
 
== =Foarbylden ===
Guon fan 'e meast ferneamde epossen geane werom op 'e [[Klassike Aldheid]]: de ''[[Ilias]]'' en de ''[[Odyssee]]'' fan [[Homêros]], ''[[Wurken en Dagen]]'' fan [[Hesiodos]], de ''[[Georgica]]'' fan [[Fergilius]] en de ''[[Metamorphoses]]'' fan [[Ovidius]].