Bart Schuil: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
L Beatriks en wat oare oanpassings
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Bart Schuil''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[21 april]] [[1942]]), is in Nederlânske puzelmakker en betinker/gearstaller fan televyzjeprogramma's.
Hy groeide op yn de Kleasterdwersstrjitte yn Snits. Syn heit wurke by [[Tonnemafabryk|Tonnema]]. Schuil gie yn Snits nei de [[HBS]]-A en die de learareoplieding [[Nederlânsk]] oan de [[Fryske Akademy]]. Op syn tweintichste gie hy yn tsjinst en bleau dêrnei yn Amsterdam hingjen. Hy leit him no ta op de handelhannel yn antyk en is foarsitter foar de [[VVD]] yn it stedsdiel Sintrum.
 
Hy fûn wurk by útjouwerij Spectrum, ''Het Vrije Volk'' en dêrnei by in fersekeringsmaatskippij en útjouwerij Rijam Schoolagenda. Yn [[1969]] trof Schuil [[Jan Meulendijks]], dy't yn [[1968]] begûn wie as puzelmakker. Tegearre makken se letter de televyzjeproduksje ''Een Horizontaal'' dat middels de telefoan meispile wurde koe. De televysjesjoggers moasten in wurd foarmje fan troch elkoar mjukste letters. Hjirnei folge Wegwezen (foar autoridende pearen). It wie de oanrin nei in hiel soad oare programma's:
*''AVRO's puzzeluur'' (in soarte [[krúswurdpuzel]] op televyzje mei [[Jos Brink]]); hjirmei wûnen se de [[Televizierring]]
*''Wie-Kent-Kwis'', mei [[Fred Oster]]
*''Op Goed geluk''
*''10 voor Taal''
*''Rij jij of rij ik''
*''Prijs je Rijk''
*''Babbelonië'' (letter kopiearre as ''Wie Ben Ik meime''i [[André van Duyn]] en [[Ron Brandsteder]])
*''Dinges''
*''Zevensprong''
*''Einstein''
*''Prijzenslag''
 
Yn [[Belgje]] noch:
* ''Topscore''
* ''Denksportkampioen''
 
De rjochten binne ek ferkocht oan lannen as Dútslân en Itaalje. Oer de rjochten fan Lingo en Babylonië hat eartiids in soad strideraasje west.