Nyomi Banxxx: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 mai 2013 om 13.40

Nyomi Banxxx, echte namme: Amanda Dee (14 oktober 1972), is in Amerikaansk pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, dy't berne is yn Chicago, yn 'e steat Illinois. Hja hat yn it ferline ek wol oare artystenammen brûkt, lykas Nyomi, Naomi, Naomi Bankxx, Nyaomi Banxxx, Naomi Knoxxx, Naomi Banxx, Naomi Banxxx en Naomi Banks.

Nyomi Banxxx yn 2012.

Libben

Nyomi Banxxx groeide yn Chicago op yn in konservatyf fermidden. Se hat in masterstitel yn maatskiplik wurk en hie nei it ôfrûnjen fan har oplieding jierrenlang in baan as maatskiplik wurkster. Hja ferfear yn 'e midden fan 'e jierren njoggentich nei Los Angeles, dêr't se yn 2001 behelle rekke yn 'e pornoyndustry. Nei fiif jier efter de skermen wurksum west te hawwen, makke se yn 2006 har debút as aktrise yn in pornografyske film. Sûnt hat se yn likernôch 160 pornofilms spile, gauris fan it subsjenre fan 'e milfpornografy, foar labels as Vivid, Hustler, Elegant Angel en Adam and Eve. Yn 2009 wûn se de Urban X Award foar bêste milf-artyste, en yn 2011 waard har deselde priis takend yn 'e kategoryen bêste aktrise fan it jier en bêste anale sekssêne fan it jier. Njonken har aktearwurk runt Banxxx eigenhandich har offisjele webside en in eigen poduksjemaatskippij, That's Common Productions. En fierdersoan sjongt en muziket se ek, en hat se in eigen muzyklabel.

Prizen en Nominaasjes

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2007 AVN Award nominearre bêste orale sekssêne fan it jier Manhunters
2009 Urban X Award wûn bêste milf-artyste fan it jier n.f.t.
2010 AVN Award nominearre bêste oarspronklike liet (Goin' on In) The Jeffersons: A XXX Parody
2011 XRCO Award nominearre ûnderwurdearre sirene n.f.t.
XBiz Award nominearre froulike aktearprestaasje fan it jier Official Friday Parody
AVN Award nominearre bêste aktrise fan it jier Fatally Obsessed
nominearre ûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.
nominearre bêste orale sekssêne fan it jier Throat Injection 3
Urban X Award wûn bêste aktrise fan it jier n.f.t.
wûn bêste anale sekssêne fan it jier Dynamic Booty 5
2013 XBiz Award nominearre bêste aktrise yn in parody Training Day: A Pleasure Dynasty Parody

Keppelings om Utens