Willibald fan Mainz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 10 mai 2013 om 15.28

Willibald fan Mainz wie in achtste-ieuske Angelsaksyske mûnts, dy't de skriuwer wie fan 'e Vita Bonifatii, in hilligelibben oer de kristlike biskop en sindeling Bonifatius. Oer Willibald is net in protte bekend. Hy moat koart nei de dea fan Bonifatius, dy't aartsbiskop fan Mainz wie, as jongeman op dat plak oankommen wêze, krekt doe't der út oare kriten wei (benammen út Ingelân, dêr't Bonifatius berne wie), frege waard nei in vita oer de man. Willibald krige de opdracht om yn dy fraach te foarsjen, al hied er Bonifatius sels nea met, dat hy moast alles út 'e twadde hân fernimme. De Vita Bonifatii waard lykwols in grut súkses, en der binne teminsten fjirtich manuskripten fan bekend. Willibald fan Mainz moat net betize wurde mei Willibald fan Eichstätt, dat in tiidgenoat en famyljelid fan Bonifatius wie.