Lieneke Dijkzeul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
L red.
Rigel 1:
'''Lieneke Dijkzeul''' ([[Snits (stêd)|Snits]], [[7 maart]] [[1950]]) is in [[Nederlân]]sk [[auteur|skriuwster]] fan [[berneboek]]en en literatuer foar folwoeksenen.
 
Dijkzeul woe beropskartester foardat hja mei skriuwen úteinsetteút ein sette nei de berte fan har dochter Inger Dijkzeul yn [[1979]]. Sy skreau koarte ferhalen foar de [[Donald Duck (wykblêd)|Donald Duck]], de [[Taptoe (tydskrift)|Taptoe]] en de [[Okki]].
 
Yn [[1990]] skreau hja har earste boek foar de jongerein, ''Houd je taai''. Dêrnei folgen der mear, fral jeugdromans. [[Iensumens]] is in wichtich ûnderwerp dat yn har boeken hietyd werom komt, nei't hja sels sei "omdat ieder mens hier eens in zijn leven mee in aanraking komt".
 
Sûnt 2006 skriuwt hja ek foar folwoeksenen. Dat jier ferskynde har debútthriller ''De stille zonde'', dy't sawol troch publyk as resensinten goed ûntfongen waard. De literêre thriller ''Koude lente'' dy't 2007 útkaam waard nominearre foar de [[Gouden Strop|Gouden Strop 2008]], mar dy priis gie úteinlik nei ''Cel'' fan [[Charles den Tex]]. Dijkzeul har thrillers hawwe resjersjeur Paul Vegter as haadpersoan.