Slach om Berlyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L - dea plaatsje
Rigel 38:
 
Nei de besingeling fan Berlyn fersetten de 45.000 fan de ''Wehrmacht'' en de [[Waffen-SS]] har fûl tsjin de Sowjets. De Volkssturm moast mei ''panzerfausten'' en simpele gewearen tsjin de Sowjets fjochtsje. Op 30 april slagge it de Sowjets om de jûns yn de Reichstag te kommen, se moasten fan keamer ta keamer fjochtsje. De Dútsers hienen perfekte dekking yn de Reichstag omdat de rotsoai fan de brân fan [[1934]] der noch altyd lei. Twa dagen letter joegen de Dútsers belies en kaam de flagge fan de [[Sowjetuny]] op de Reichstag te stean.
[[Ofbyld:Bundesarchiv Bild 183-D0331-0042-012, Russische Flugzeuge über Berlin-Lankwitz.jpg|right|thumb|Sowjet Shturmoviks boppe Berlyn.]]
30 april moarnsier kaam Weidling nei de ''Führerbunker'' om persoanlik oan Hitler te fertellen dat de ferdigening net genôch ammunysje hie foar de nacht. Hitler joech him permisje om út te brekken troch de linys fan it Reade Leger. De middeis dienen Adolf Hitler en syn oarehelte Eva Braun harsels tekoart en de liken waard krekt bûten de bunker ferbaarnd. Alhiel neffens it politike testamint fan Hitler waard [[Karl Dönitz]] nei syn dea ''Reichspräsident'' mei it Flensburch regear. [[Joseph Goebbels]] waard ''Reichskanzler''. De ferdigeningsliny waard hieltyd tinner en de lêste 10.000 Dútske soldaten fochten op 30 april noch yn in lyts gebiet yn de binnenstêd. De oaredeis, 1 maaie, stjoerden de Dútsers in delegaasje om mei Generaal Chuikov te praten. Sy fertelden him dat Hitler dea wie en dat se ree wienen om te ûnderhanneljen oer in kapitulaasje, lykwols koenen se it net iens wurde oer de betingsten, de Sowjets woenen in folsleine kapitulaasje. Goebbels die himsels, syn oarehelte en bern tekoart. Troch de dea fan Goebbels koe Weidling de folsleine kapitulaasje dy't de Sowjets ha woenen net mear tekenje, hy soe him in dei letter oerjaan sadat it garnisoen fan Berlyn tiid hie om út te brekken.