Ljipaaisykjen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Oystercatcher Eggs Norway.jpg|thumb|right|Nest mei fûgelaaien]]
'''Ljipaaisykje''', meast koartsein '''aaisykje''' is it sykjen fan [[aai (bist)|aaien]] fan fûgels yn it iepen fjild. It wurdt meast yn [[Fryslân]] dien. By it aaisykjen wurdt benammen sjoen nei de gedragings fan de mantsje-(âldhij) en wyfkeljip. Kenners kinne dêroan sjen oft it in 'kânske' is of net. De baltsflecht fan de ljip en syn baltsrop binne foar in soad minsken op it plattelân in teken dat de maitiid kommendewei is. It aaisykjen is keppele oan de neisoarch. Dy soarch hâldt yn der der in stokje by it nêst setten wurdt, sadat bygelyks in boer by it meanen it nêst net plat rydt.
 
Njoggen april wurdt de slutingsdatum neamd. De ljip is de earste greidevogel dy't ta aailizzen komt. Sa heal maart kin it earste aai ferwachte wurde. It is yn Fryslân wenst dat it earste ljipaai oan de Kommissaris fan de Keninginne oanbean wurdt. De finer krijt dan de [[Sulveren Ljip (aaisykje)|Sulveren Ljip]], in eareteken dat troch it Provinsjaal Bestjoer beskikber steld wurdt. Ek alle 31 boargemasters fan Fryslân krije in "earste ljipaai".