Dútslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 239:
[[Ofbyld:Weisswurst.jpg|thumbnail|[[Weißwurst]] mei Brezel en swiete moster.]]
Yn Dútslân is der in wiidweidich oanbod oan regionale itensprodukten. Yn Noard-Dútslân wurde de jirpels op ferskillende manieren klearmakke. Yn it suden ite se faak Knödel, Spätzle en Nudeln (soarte fan pasta). Regionale spesjaliteiten binne Weißwurst (Beieren), Frankfurter Kranz (Hessen), Bratwurst (Noard-Beieren en Turingen), Schwenkbraten (Saarlân), Maultaschen (Baden-Wúrtemberch), Schwarzwälder Kirschtorte (Baden-Wúrtemberch), Thüringer Rostbratwurst (Turingen) en Saumagen (Rynlân-Palts).
Wat it drinken oangiet is Dútslân bekend om syn ferskaat oan biersoarten. Yn it Súdwesten binne de wyngerden, it dan ek yn 'e reden dat der neist bier ek faak wyn dronken wurdt. In twadde útsûndering is [[East-Fryslân]], dêr't benammen in soad tee dronken wurdt en wêrdêr't sprake is fan in teekultuer.
 
Sa as ek yn oare lannen fan de Jeropeeske Uny jildt foar Dútslân de trend dat minsken hieltyd minder de tradisjonele drege kost en wat mear lichtere fetearm ite.