Waling Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 4 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q739255
oanf. fan :nl
Rigel 2:
'''Waling Gerrits Dykstra''' ([[14 augustus]] [[1821]], [[Froubuorren]] - [[15 jannewaris]] [[1914]], [[Holwert]]), soan fan Gerrit Walings Dykstra en Antje Keimpes Koopmans wie in [[Frysk|Fryske]] [[Literatuer|skriuwer]], yn de tradysje fan de [[Bruorren Halbertsma|Halbertsma's]], benammen bekend fan it Frysk [[Winterjûnenocht]] wermei't hy tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]] it Frysk toaniel in plak joech yn de Fryske mienskip.
 
== Libben ==
Waling Dykstra waard berne te Froubuorren as bakkerssoan en soe sels it fak ek leare. Al rillegau kaam hy der efter dat dat syn ropping net wie. Yn [[1853]] die hy de bakkerij oan kant en wurke doe yn in boekwinkel yn Frjentsjer. Yn 1855 troude hy op 'e nij mei Afke (Jans) de Boer, mei wa er âlve bern krige soe. Yn 1861 ferhuze hy nei Holwert, dêr't er in eigen boekwinkel iepene. It measte fertsjinne er lykwols mei de pinne. Hy wie redakteur fan in rege periodiken, dy't er foar it grutste part sels folde û.o. De Bijekoer, de Fryske hûsfreon, de Fryske Nijsboade, Friso, [[Friesch Volksblad]], [[Sljucht en rjucht|Sljucht en Rjucht]], en As jimme it leije meije.
 
Op syn bêst wie hy by populêre ferskes en fertellingen. Foar gruttere ferhalen wie syn komposysjekrêft en psychologysk ynkringingsfermogen net sterk genôch. Syn wurk giet net djip, mar it hat wol typearjend fermogen, it waard dan ek drok lêzen. Dêrtroch is syn nasjonale betsjutting grutter as syn letterkundige. Hoe populêr Dykstra wie blykte wol út de namme sa't er neamd waard. Meastal hiet hy Waling-om (=omke). Neist wat hy skreau, hat Dykstra it Fryske folksbewustwêzen ek fersterke mei syn 'Winterjûnenochten', foardrachtsjûnen, tegearre mei [[Tsjibbe Gearts van der Meulen]], [[Gerben Colmjon]], [[Auke Boonemmer]], of ek wol allinnich (sûnt 1860). Mei de Fryske Winterjûnenocht bereizge er 25 jier lang de doarpen yn Fryslân, om sa it Frysk toaniel ûnder de minsken te bringen.
Line 8 ⟶ 9:
Waling Dijkstra komt út in otterdoks-protestantsk fermiddden. Hysels hie in mear liberale ynstelling. Syn wurk hat faak moralistyske trekjes. Bûten in ûntelber oantal ferskes publisearre hy ek noch in wichtich folkloristysk wurk - Uit Frieslands volksleven (2 dielen, Ljouwert, 1896). Fierders fersoarge hy in populêr witenskiplike útjefte fan de Friesche Rymlerije fan [[Gysbert Japicx]] (Frjentsjer 1853) en kaam it benammen troch syn iver en trochsettingsfermogen dat it Friesch Woordenboek (Ljouwert 1911) der komd is.
 
Even foar it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich yn 1914 stoar Dykstra te Holwerd op de leeftyd fan 92 jier.
 
== Sukses en krityk ==
Waling-om wie ien fan de mannen fan de earste oere fan de [[Fryske beweging]].
 
----
Syn earste [[liet]]erenbondel, út 1848, waard fiif kear werprinten. Fan syn romans waarden benammen de earste twa dielen in protte kearen werprinten.
 
De foardrachtsjûnen dy't hy mei oaren organisearre, de ''Winterjoenenocht'', ûntwikkele him ta in nij sjenre, dat oant nei 1920 beöefene waard.
 
Diverse troch him opsetten en redigeare blêden en jierboekjes hienen in grut beriek, bygelyks ''[[Sljucht en Rjucht]]'' (sûnt 1897), ''De Fryske Skoeralmenak'', it jierboekje ''As jimme it leije meije'' (1899-1910).
 
Syn wurk oan de Fryske [[stavering]] en oan it Frysk Wurdboek hat fan grutte betsjutting west, likefolle as syn [[folkloare|folkloryske]] wurk. Hy wie de wichtichste samler fan Fryske folksferhalen yn [[19e ieu]].
 
Fan [[kalvinisme|kalvinistyske]] side krige hy in protte krityk fanwege de wize dêr't hy de kristlike huchelderij en skynhillicheid bespotte, benammen by [[dûmny|predikanten]].
 
Nei syn dea ûnderfûn syn wurk krityk fan de [[Jongfriese Beweging|Jongfriezen]] fan [[Douwe Kalma]] dy't him tekoart oan djipgong ferwiten.
 
Dykstra's wurk is fan belang omdat hy in protte oaren ta it lêzen fan Frysk boeken brocht hat; literêr sjoen wurdt it op heden net mear wurdearre. It jout wol in byld fan it sosjale en morele libben fan it frijsinnige diel fan Fryslân út dy tiid.
 
== Wat bistû leaflik, rizende simmermoarn! ==
[[Ofbyld:Waling Dykstra Pier Pander Noorderweg Leeuwarden.JPG|thumb|right|Monumint fan Waling Dykstra yn Ljouwert]]