Haadmenu iepenje

Changes

2.942 bytes added ,  6 jier lyn
Ynhâld fan Nij meksiko oerset
{{AmerikaanskeSteat |
| namme = State of New Mexico<br />Estado de Nuevo México
| flagge = [[Ofbyld:Flag of New Mexico.svg|140px|Vlag van New Mexico]]
| vlagartikel = Vlag van New Mexico
| wapen =
| bijnaam = Land of Enchantment
| kaart = [[Ofbyld:Map of USA highlighting New Mexico.png]]
| Haadstêd = [[Santa Fe (New Mexico)|Santa Fe]]
| gouverneur = [[Bill Richardson]]
| Tatreden = [[6 jannewaris]] [[1912]]
| Oerflakte = 315.194
| pctwater = 0,2
| Befolking = 1.903.289
| dichtheid = 5,79
| Tiidsône = -7
| Oantal countys = 33
| Ofkoarting = NM
}}
'''Nij-Meksiko''' ([[Ingelsk]]: ''New Mexico'', [[Spaansk]]: ''Nuevo México'') is in steat fan de [[Feriene Steaten fan Amearika]]. De haadstêd is [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]].
 
== Skiednis ==
Eartiids, foar de komst fan de Jeropanen, waard it gebiet allinne befolke troch [[Yndianen|yndianestammen]] as de [[Navajo's]] en [[Apaches]]. Om 1540 hinne luts de [[Spanje|Spaanske]] [[konkwistadore]] [[Francisco de Coronado]] troch it gebiet. Syn twa jier doarjende siiktocht nei in protte goud wie om'e nocht. Dat wie it begjin fan de Spaanske tiid.
 
Yn [[1595]] waard de Spaanske provinsje ''Santa Fe de Nuevo México'' stifte en trije jier letter makke [[Juan de Oñate]] in begjin mei de koloanisaasje fan it gebiet. Yn [[1610]] waard de stêd [[Santa Fe (Nij-Meksiko)|Santa Fe]] stifte.
 
Nei de ûnôfhinklikheid fan [[Meksiko]] yn [[1821]] wie Nij-Meksiko ûnderdiel fan dizze republyk. Doe 't Meksiko yn in kriich belanne mei de [[Feriene Steaten]] moast it yn [[1848]] ôfstân dwaan fan Nij-Meksiko.
 
Op [[6 jannewaris]] [[1912]] waard Nij-Meksiko de 47e steat fan de Feriene Steaten.
 
== Geografy ==
It oerflak fan Nij-Meksiko is 315.194 km² grut. Trochstrings leit it op 1735 meter boppe seenivo; it heechste punt is Wheeler Pyk (4011 meter), dat ûnderdiel útmakket fan de [[Rocky Mountains]], dy't Nij Meksioo fan noard nei súd trochkrúst. De wichtichste rivier fan de steat is de [[Rio Grande (Río Bravo)|Rio Grande]].
 
Nij-Meksiko grinzet oan it lân [[Meksiko]] en oan de steaten [[Teksas]], [[Oklahoma]], [[Arizona]] , [[Kolorado]] en [[Utah]]. Nij-Meksiko leit yn de ''Mountain''-[[tiidsône]].
 
De steat hat in protte moaie natuergebieten, lykas de dripstiengrotten by Carlsbad en it wite sân fan White Sands.
 
== Demografy ==
Sa'n 40 % fan de befolking is fan [[Spanje|Spaanske]] komôf. It [[Spaansk]] mei it [[Ingelsk]] binne de offisjele talen fan Nij-Meksiko. De grutste stêd is [[Albuquerque]]. Ek lizze yn de steat grutte [[Yndianereservaat|Yndianereservaten]].
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.state.nm.us Offisjele webstee fan Nij-Meksiko]
* [http://www.youtube.com/watch?v=SJb7_rcL1GY Nij-Meksiko]
 
 
<gallery perrow="5">
Image:San Felipe de Neri Church, Albuquerque NM.jpg|<center>Albuquerque</center>
Image:El Farol Restaurant and Cantina, Santa Fe NM.jpg|<center>Santa Fe</center>
</gallery>
 
[[Kategory:Steat yn de Feriene Steaten]]
78.366

edits