Herberch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat.
L oanfollinkje
Rigel 1:
[[Ofbyld:Kleehaas In der Wirtsstube.jpg|thumb|''Theodor Kleehaas: ''In der Wirtsstube'', München, 19e of 20e ieu'']]
[[File:Cattenbroek Herberg De Lindeboom.jpg|thumb|Herberch ''De Lindeboom'' yn [[Cattenbroek]], [[1729]]]]
'''Herberch''' is de beneaming foar in bedriuw dat tsjin betelling de mooglikheid jout om te iten, drinken en te oernachtsjen.
Hjoeddeiske oernachtingsakkomodaasjes wurde ornaris net mear herberch neamd, mar [[hotel]] of [[pensjon]]. It wurd herberch ferwiist meast nei de ienfâldige hotels fan eartiids.
 
It wurd herberch komt fan ''her'' (= ''hear, leger'') en ''berch'' (= ''berchplak''). Yn it Frânsk is it wurd oernomd en bekend as ''auberge''. Yn Ingelân hie men ''public houses'', ôfkoarte ta pubs.
 
Herbergen stienen meast op plakken dêr't in soad reizgers kamen. Se hienen meastentiids [[stâl]]en foar de hyns en ruters en [[postkoets|(post)koetsen]]. Faak koe hjir ek fan hyns wiksele wurde. De wachttiid waard troch de reizgers brûkt om wat te nuttigjen. In stâl dêr't mei hynder en al nei binnen riden wurde koe wurdt wol in [[trochreed]] neamd.