Reanimaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 2:
'''Reanimearjen''' is it keunstmjittich oernimmen fan it [[sykheljen]] en de [[bloedsomrin]], yn gefal fan in sirkulaasjestilstân, bygelyks as gefolch fan in hartstilstân. As én it sykheljen, én de sirkulaasje wer op gong brocht wurde moatte, sprekt men ek wol fan '''[[Kardiopulmonale Resussitaasje]]''' (CPR).
 
Om te libjen, is de konstante oanfier fan soerstofryk [[bloed]] fan libbensbelang. De organen kinne net wurkje sûnder [[soerstof]]. De [[harsens]] binne it kwetsberst: nei 4-6 minuten sûnder soerstof rekket al in grut part sa beskeadige dat normaal funksjonearjen net mear mooglik is. It transport fan soerstof troch ús bloed kin op twa manieren fersteurd wurde:
* Bloed wurdt net mear rûnpompt omdat it hert net (goed) wurket. It hert kin wol bewege (fibrillearje) mar hat gjin effektive pompwurking. Wy sprekke dan fan in sirkulaasjestilstân. By in hertstilstân is der gjin beweging.
* Der wurdt gjin soerstof mear yn it bloed opnomd. Dit wurdt in sykhelstilstân neamd.