Ofslútdyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
J'88 (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
Al yn [[1886]] wurden de earste plannen makke foar in ôfslútdyk. Yn dat jier waard de Suderseeferieniging oprjochte dy’t ûndersykje moest of de Súdersee ek ynpoldere wurde koe. Yngenieur Cornelis Lely wie hjir ek lid fan. Yn [[1913]], doe’t Lely al minister fan Wetterstaat wie waard ynpoldering yn it regearingsprogram set. Yn die tiid wiene der noch folle protesten, mar nei de wettersnoadramp fan [[1916]] wie de tiid klear foar it projekt en twa jier letter gie it parlemint ek akkoard.
 
Yn juny [[1920]] gie it projekt fan start. Der waard begong mei de anlis fan de Amsteldiepdyk fan [[Noard-Hollân]] nei [[Wieringen]], wat yn die tiid noch in eilân wie. Sân jier letter begong de bou fan de Ofslútdyk echt. Der waard besletten om fan fjouwer plakken ôf te bouwen. Fan de beide kanten ôf, yn [[Fryslân]] en Noard-Hollân. En fan de wurkeilannen [[Breesân (wurkeilân)|Breesân]] en [[Koarnwertersân]].
 
Op [[28 maaie]] 1932, om twa minuten oer ienen yn de middei, fiif jier nei it begjin fan de bou, waard it letste gat yn de Ofslútdyk sletten. Fjouwer maand letter, op [[20 septimber]] 1932, waard de namme fan de Sudersee offisjeel wizige yn it Iselmar. Noch is en jier letter waard op [[25 septimber]] [[1933]] de dyk iepene foar it ferkear.