Genesis (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Drewes moved page Genesis to Genesis (boek): Underskied meitsje. Der binne films, boeken in band, ensafh. mei deselde namme
Rigel 3:
 
===Ynhâld===
Yn ''Genesis'' wurdt beskreaun hoe't [[God]] yn it oanbegjin de wrâld skept en alles dat derop is, en as lêste de [[minske]], [[Adam]]. Om't Adam iensum is, makket God foar him in wêzen om him selskip te hâlden: de earste frou, [[Eva]]. Mar [[Adam en Eva]] binne oerhearrich en harkje nei de ynflústerings fan 'e [[duvel]] en wurde dêrom ferdreaun út it [[Hôf fan Eden]]. Fan harren soannen slacht ien, [[Kaïn]], in oaren, [[Abel]], út oergeunstigens dea, mar de neiteam fan 'e trêde soan, [[Set]], befolket de [[ierde]]. As de minsken har op 'e nij fan God ôfkeare, roeget er harren út mei de [[Sûndfloed]], mar bewissiget dêrby dat ien man, [[Noäch]], en syn famylje it oerlibje. In fiere neikommeling fan [[Sem]], ien fan 'e soannen fan Noäch, is [[Abraham]], de earste fan 'e [[aartsfaar]]s, dy't op oanwizings fan God syn heitelân ferlit om him yn it Unthjitten Lân fan [[Kanaän]] te fêstigjen. Abraham syn soan [[Izaäk]], de twadde fan 'e aartsfaars, lit syn frou [[Rebekka]] út syn heite lân fan komôf helje en kriget mei har de tsierende twillingsoannen [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] en [[Ezau]]. Jakob, de trêde en lêste aartsfaars, hellet syn froulju, de susters [[Léa]] en [[Rachel]], en syn byfroulju, de [[slavernij|slavinnen]] [[Bilha]] en [[Silpa]], ek wer út syn pake' âlde heitelân en set by harren de stamheiten fan 'e tolve stammen fan [[Israel (keninkryk)|Israel]] oan: [[Rûben]], [[Simeön]], [[Levy]], [[Juda]], [[Dan]], [[Naftaly]], [[Gad]], [[Azer]], [[Issaskar]], [[Sebûlon]], [[Joazef]] en [[Benjamin]]. De leaflingssoan fan Jakob is lykwols Joazef, dy't mei syn waanwiis hâlden en dragen syn tsien âldere bruorren betiden alhiel breinroer makket. Uteinlik ferkeapje se him oan in selskip slavekeaplju, wylst se foar harren heit oer úthâlde dat er deade wurden is troch in wyld bist. Joazef bedarret yn [[Egypte]], dêr't er it troch yngripen fan God bringt ta ûnderkening fan 'e [[farao]]. As der in hongersneed oer it lân Kanaän komt, wurde Jakob en syn hiele famylje rêden troch Joazef, dy't harren asyl ferlient om utens yn Egypte.
 
===Fryske oersetting===