Pontysk-Grykske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 29 mai 2013 om 13.26

De Pontyske Grykske Genoside (Berjocht:ElS; uf Berjocht:TrS) — ek bekend as de Pontyske Grykske Holocaust en by Pontyske Griken as de Grutte Misdied of Pontyske Grykske Kwestje— ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Pontyske Grykske befolking fan it Ottomaanske Ryk yn en krekt nei de Earste Wrâldkriich yn de tiid fan it rezjym fan de Jonge Turken.

Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden wie ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as Assyrjers en Armeenjers, op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan. Berjocht:Link FA