Orkney-eilannen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
oanfolling
Rigel 1:
{{stobbe|geografy}}
[[Ofbyld:ScotlandOrkneyIslands.png|thumb|Plak fan de Orkneyeilannen (yn't donkerblau)]]
[[Ofbyld:Kirkwall cathedral.jpg|thumb|De Sint Magnuskatedraal yn Kirkwall]]
Line 29 ⟶ 28:
 
== Skiednis ==
=== Prehistoarje ===
De earste minsken festigen har op Orkney yn it fjirde millennium foar Kristus.
It [[Neolitikum|Neolitysk]] Hert fan Orkney, dat bestiet út [[Skara Brae]], de [[Stiennen fan Stenness|Stones of Stenness]], de [[Ring fan Brodgar]] en de tombe [[Maes Howe]], is in [[wrâlderfguod]] dat in goed oersjoch fan de [[stientiid]] jout. Teffens binne der op de Orkney-eilannen in protte [[argeology]]ske fynsten út de [[brûnstiid]] en de [[izertiid]] dien, lykas de [[broch]]s en [[Earth House]]s. Foarbylden dêrfan binne de [[Broch fan Gurness]], op it noardlik part fan Mainland, en it [[Grain Earth House]] yn [[Kirkwall]].
De [[Pikten]] wiene de bewenners fan de Orkaden yn dy lêste tiidrekken.
 
De earste skriftlike fernijing fan Orkney (as "Orkas") stammet fan de Gryk [[Pytheas]], dy't 325 f. Kr. Grut-Brittanje omsile<ref>http://ohher.de/Geschichte/Pytheas.htm</ref>, yn syn wurk ''Ta peri tu Ōkeanu'' dat ferlern gien is, mar hy wurdt oanhelle yn oerlevere wurken fan [[Timaeus]], yn de ''[[Geographika]]'' fan [[Strabo]], ''[[Naturalis historia]]'' troch [[Plinius de Aldere]] en ''[[Bibliotheca historica]]'' fan [[Diodoros fan Sisylje]].
 
=== De midsieuwen ===
De [[8e ieu|8e]] en [[9e ieu]] waarden de eilannen koloanisearre troch [[Wytsingen]]. Sadwaande waard Orkney in sintrum fan de Wytsingebeskaving fan [[Grut-Brittanje]]. De skiednis fan Orkney stiet beskreaun yn de [[Orkneyinga Saga]]. De ynfloed fan de Wytsingen rikte oant yn de [[19e ieu]] doe't dêr noch [[Norn (taal)|Norn]] sprutsen waard ynstee fan [[Skotsk-Gaelysk]]. In protte plaknammen komme ek út it Norn.
 
=== Skotske tiid ===
Oan de ein fan de [[midsieuwen]] waard Orkney as breidsskat oan [[Skotlân]] jûn. Dat waard in tiidrek fan dusoarder. Yn de [[18e ieu]] wie der in bloeiperioade fanwege de produksje fan [[potjiske]] út it ferbaarnen fan [[seewier]]. Potjiske waard brûkt yn de [[Glêsfabryk|glêsyndustry]]. In protte hearehuzen datearje út dy tiid.
 
=== Scapa Flow ===
De OrkneyeilannenOrkney-eilannen spilen in wichtige rol yn de beide wrâldkrigen, meidat hja mei in baai yn'e lijte, mei de namme [[Scapa Flow]], in natuerlike [[haven]] wienen foar de Britske float.
Yn [[1939]] slagge it in Dútske U-boat en bring it âlde slachskip HMS Royal Oak te sink yn Scapa Flow; 833 lju oan board ferlearen it libben.
 
== Literatuer ==
Line 46 ⟶ 58:
* [http://www.orkneyjar.com/ Orkneyjar, in Orcadian History and Heritage Site]
* [http://www.spirit-of-orkney.com/contents1a/ ''Spirit-of-Orkney'', oer skiednis en erfskip]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
<references/>}}
 
{{Commonscat|Orkney Islands}}