Pinkster: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 75 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q39864
L st.
Rigel 3:
 
== Oarspong ==
De oarsprong fan Pinkster leit yn de [[Mozes|Mozaïske]] wetten dy't destiids oan it folk [[Israel]] jûn wienen nei harren [[eksodus]] út [[Egypte]]. Yn it [[bibel]]boek [[LevitikusLeviticus]], haadstik 23:15-22 stiet dat op de fiifstigste dei, op de dei nei de sânde sabbat fan ôf [[Pesach]] (of ''Pascha'', it feest dêr't de úttocht betocht wurdt) nije offers foar [[God]] brocht wurde moasten, as in soart ôfsluting fan Pesach. It feest waard ek wol it 'wikefeest' neamd ([[Deuteronomium]] 16:10). Der moasten 'earstelingen' fan de nôtrisping en it fee offeren wurde. Ek moast der in gearkomste hâlden wurden en nimmen mocht syn normale wurk dwan. Letter soe it wikefeest 'pinkster' neamd wurde, nei it Gryske wurd foar 'fiiftigste''.
 
By it Kristlike pinksterfeest wurdt betocht dat de [[Hillige Geast]], [[God]] yn syn trede ferskiningsfoarm, út de himmel op de [[apostel]]en delkomt en him op ierde iepenbiere as fjoer en fielt as de wyn.
 
Nei Jezus syn dea op [[GoeieGoede Freed]] en syn ferrizenis op [[Peaske]] hawwe syn learlingen noch fjirtich dagen lang stipe hawn fan syn oanwizigens. Op de fjirtichste dei fan ''Peaske'' waarden de learlingen troch Jezus syn [[Himelfeartsdei|himelfeart]] allinnich litten. Hy had dan tasein dat er de Hillige Geest stjoere sil, dy't harren geastlik fierder helpe sil en de krêft jouwe sil om te tsjûgen fan it [[Evangeelje|evangely]].
 
Yn it bibelboek [[Hannelingen]] ([[Nije Testamint]]) stiet dat de learlingen werom geane nei Jeruzalem, dêr't sy byinoar komme om yn 'e plak fan [[Judas Iskariot|Judas]]' in nije apostel te kiezen en om tegearre te bidden. Op de Pinkster komt de Hillige Geast op harren del en ynspirearen om it evangeelje te ferkûndigen. De bibel seit dat ''elkenien harren hearde praten yn de eigen taal'' wat faak útlein wurdt dat de learlingen ynienen alle talen koene fan de oanwezige taharkers.