Ali ibn Abi Talyb: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:AlīMola Ali.pngjpg|thumb|right|200px250px|Artistyk portret fan Aly]]
'''Aly ibn Abû Talyb''' ([[Arabysk]]: علي ابن أبي طالب), wie de neef fan profeet [[Mohammed]], trout mei syn dochter en waard de fjirde kalyf (656). Hy waard twongen de opstannige [[Omajjaden|Omajjadyske]] gûverneur fan Syrje [[Mû'awijja]] te bestriden, dy't him syn erkenning as kalyf ûntholde en dêr't hy hieltyd mear terrein oan priis jouwe moast. Foar de [[Sjyiten]] jildt hy ek as de earste [[imam]]. Yn de [[islam]] stiet hy bekend om syn moed en heldhaftichheid. Hy wie de earste jongere dy't moslim waard en ferbleau ferfolgens, foar de emigraasje ticht by Mohammed. Syn beneaming as kalyf wie hiel ûngelokkich yn in tiidrek fan politike ynstabiliteit, de [[ûmmah]], dy't folge op de moard fan syn foargonger [[Utman]]. Aly wie de lêste kalyf dy't rekkene wurdt ta de 'Fjouwer Rjochtlate Kaliven' en jildt as ien fan de skriuwers dy't de iepenbierings fan de profeet optekene foar de [[koran]].