Sykte fan Crohn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Skipper (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 16:
Measttiden wurdt der bloed ôfnommen en ûndersocht op ûntstekingsferskynselen. Faaks sjogge je in ferhege tal wite bloedsellen en leech bloedgehalte (bloedarmoede). Derneist is faaks it eiwytgehalte (albumine) ferlege.
Bloedûndersyk allinich is net genoch om mei sekerheid de diagnoase te stellen. hjirfoar is in endoskopie nedich. Mei in fleksibele buis wêryn in kamera en paktankje sit, wurdt de term fan de binnenkant besjoen. Sa nedich kin der ek lytse stikjes term útknipt wurde (biopt) wat ûndersocht wurde kin.
 
== Behânneling ==
Oant no ta kin de sykte net genezen wurde. De behânneling bestiet der dan ek út om de ûntsteking te ûnderdrukken en oare ferfelende klachten, lykas diarree, pine búk of misselikens te ferbetterjen.
Pasjinten ha minder lest fan oanfallen en oare klachten at se in goed dieet folgje. Om de ûntsteking te ûnderdrukken wurde der ûntstekingsremmers joen. Yn de lichte gefallen binne dit sulfasalazine middelen en yn slimmere gefallen [[corticosterioden]] (lykas [[corticosterioden|prednison]]). Derneist krije pasjinten faaks in antibioticumkuur om mogelike bacterien út te skêkeljen.
Somtiden kin in operaasje nedich wêze. Dat diel fan de terms dat troch de sykte net goed mear wurket wurdt fuorthelle. De beide losse dielen kinne wer oan elkoar hecht wurde (anastomose) of je krije in [[stoma]].
 
== Boarnen ==
* De Merck Manual: Ziekte van Crohn