Kaligula: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 75 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q1409
L red
Rigel 7:
Kaligula wie de jongste soan fan [[Germanikus]] en [[Agrippina de Aldere]] en oerpakesizzer fan [[Imperator Caesar Augustus|keizer Augustus]]. Kaligula groeide op yn soldatenkampeminten. En ûnder de soldaten wie hy populêr en dêr komt er ek oan syn bynamme ''Kaligula'' (dat soldatenlears ynhâld), fan it Latyn ''[[caligae]]''). Lykwols waard dizze bynamme yn syn eigen tiid amper brûkt, mar hawwe lettere histoarisy him meastentiids dêrmei neamd.
 
De heit fan Kaligula, Germanikus ferstoar yn [[19]] ûnder nuvere omstannichheden. Syn mem dy't Tiberius ferantwurdlik hâlde foar de dea fan har man, waard troch de keizer ferbannen en stoar de hongersdea. Tiberius wie ferfolgens ek ferantwurdlik foar de dea fan de âldere broers fan him, NeroNearo en Drusus. Dat Kaligula sels net troch de keizer fermoarde is hie, benammen te krijen dat er noch jong wie om in gefaar te foarmjen. Wol waard er twongen om yn it paleis te libjen fan syn omke Tiberius. Nei alle gedachten hat er hiel bot te leiden hân fan dizze bizarre opfieding en hat it ynfloed hân op syn letter dieden as keizer.
 
[[Ofbyld:RIC I 14 (Caligula - Agrippina maior).jpg|thumb|250px|''[[Denarius]]'' mei op de foarside Kaligula en de legende <small>C. CAESAR. AVG. GER. P.M. TR. POT.</small> en op de oare side Agrippina maior en de legende <small>AGRIPPINA. MAT. C. CAES. AVG. GERM.</small> ([[37 f.Kr.]]).]]