Frederick Manfred: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L stikje red., oars net
Rigel 1:
'''Frederick Feikema Manfred''' ([[Doon, Iowa|Doon]], [[Iowa]] [[6 jannewaris]] [[1912]] – [[Luverne (minnesotaMinnesota)|Luverne]], [[Minnesota]], [[7 septimber]] [[1994]]) wie in ferneamd skriuwer fan [[western (sjenre)|western]]s. Manfred syn romans binne nau ferbûn mei de regio dêr't er berne waard. Syn ferhalen spylje harren ôf yn de Amerikaanske ''Midlands'' en de [[Grutte Flakten|prairies]]. It gebiet dêr't de grinzen fan Minnesota, [[Iowa]], [[Súd -Dakota]] en [[Nebraska]] byinoar komme joech er syn namme, ''"[[Siouxland]]."''
 
== Biografy ==
Rigel 7:
Manfred waard grutbrocht yn it ortodoksk fermidden fan de [[Christian Reformed Church in North America|Christian Reformed Church]] dêr't er him stadichoan fan losmakke.
 
Yn 1937 wurke Manfred as sportferlachjouwer foar ''The Minneapolis Journal''. In stikmannich jierren letter krige er dien fanwege syn belutsenens by in fakbûnsorganisaasje. In hoart dêrnei krige er [[tuberkuloaze]] en moast er kuere yn it Glen Lake Sanatorium yn Oak Terrace, Minnesota, dat wie april 1940. Yn it [[sanatoarium]] moete er Maryanna Shorba dy't letter syn frou wurde soe. Manfred ferliet it sanatoarium yn 1942 en krige wurk yn de staf fan ''Modern Medicine'' en waard assistint-kampanjelieder foar Hubert Humphrey, gadingmakker foar it boargemastersip fan Minneapolis. Dy tiid ferwurke er yn syn boek ''Boy Almighty'', dat er as Feike Feikema publisearre.
 
Manfred publisearre ''The Primitive'', de earste roman út syn World's Wanderertrilogy yn 1949. It wurk krige frijwat minne kritiken; de twa folgjende boeken yn de trilogy, ''The Brother'' (1950) en ''The Giant'' (1951), waarden better ûntfongen, mar it hold net oer. Yn 1952 besluet Manfred om syn namme Frederick Feikema te feroarjen yn Frederick Feikema Manfred; Frederick Manfred waard syn skriuwersnamme. ''Lord Grizzly'', de earste fan "''The Buckskin Man Tales''," wie it earste wurk dat ûnder de nije namme útbrocht waard. It wie in best sellerbestseller en helle yn 1954 de finale foar de National Book Award. De "Buckskin Man Tales" binne de romans ''Lord Grizzly'', ''Conquering Horse'', ''Scarlet Plume'', ''King of Spades'' en ''Riders of Judgment''.
 
Manfred studearre oan it [[Calvin College]] yn [[Grand Rapids]], [[Michigan]].
 
Yn de jierren 70 en 80 wie Manfred ''writer-in-residence'' oan it English Department fan de Universiteit fan Súd -Dakota. Neffens syn dochter Freya Manfred, waarden in protte fan syn studinten letter sels skriuwer.
 
Manfred stoar yn Luverne, Minnesota yn 1994 oan in breintumor yn de âldens fan 82 jier.