De Tsien fan Martens Afke: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red + oanfolling
Mysha (oerlis | bydragen)
L →‎Eftergrûn: Ik woe 'plattelânsarbeidersgesin' better skriuwe, mar ik haw it mar opbrutsen.
Rigel 24:
 
==Eftergrûn==
Mei ''Afke's Tiental'' joech Nynke fan Hichtum in ynkringend byld fan in trochsneed plattelâns arbeidersgesin op it plattelân út 'e ein fan 'e njoggentjinde en it begjin fan 'e tweintichste ieu, en liet hja sjen hoe't earmoed alle fasetten fan it libben yn sa'n gesin beynfloedet. Hoewol't ''Afke's Tiental'' in tige Frysk boek is, soe in selde soarte boek ek oer in earm gesin út [[Drinte]] of [[Noard-Brabân]] skreaun wêze kinne, dat de "Fryskheid" docht neat ôf oan it algemiene boadskip dat de skriuwster dermei útdrage woe. ''Afke's Tiental'', dêr't Nynke fan Hichtum daliks al grut súkses mei hie, wie ien fan 'e earste boeken, en seker ien fan 'e earste berneboeken, dy't dit ûnderwerp oanroerde. It hat grutte ynfloed hân op hoe't der yn [[Nederlân]] mank de hegerein nei de earmen sjoen waard.
 
''De Tsien fan Martens Afke'' is baseare op it libben fan Sjoerd en Harmke Feenstra-Tuinstra út [[Wergea]]. Harren dochter wie tsjinstfaam by Nynke fan Hichtum, en is dus de Wypkje út it ferhaal, wylst de skriuwster sels yn it boek figurearret as "mefrou". De famylje Feenstra wenne yn in hûs efter wat no ([[2003]]) Hillebuorren 8 is. Nei't it boek útkommen wie, binne der noch twa bern bykommen. Yn [[Wergea]] stiet in byld fan Afke mei har tsiental, makke troch [[Suze Boschma-Berkhout]], as monumint foar Nynke fan Hichtum. It is yn [[1970]] ûntbleate troch Ale Feenstra, de lytse Wibe út it boek, en beppesizzer Harmke Wijma-de Vries.