Tichthûs (tuchtskoalle): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
[[]] ferbettere
Rigel 6:
It Ljouwerter tichthûs wie tredde fan de doe nij strafgestichten ([[Amsterdam]] 1596) en [[Leien]] (1598). De tsjerke fan it eardere kleaster fan grauwe beginen (Westertsjerke) waard tichthûs en [[wurkhûs]] foar de stêd, nei 1609 foar de provinsje. (gjin rasp- en spinhûs). Men stribbe lykwols nei ''de oprechtinge van een generaal Tuchthuis'' foar de provinsje. Nei besites fan autoriteiten oan it Amsterdamske Tichthûs bleau de saak sloeren oant [[1661]] in lanlik wurkhûs foar de hiele provinsje yn Ljouwert op te rjochtsjen ta it tsjingean fan bidlerij, liddichgong, mar ek om misdieden (gjin halsmisdieden) te straffen.
 
Yn [[1754]] waard dit gebou op it Blokhûsplein troch brânstifting en oproerige detinearden foar in grut part fernield. In nij Ticht- en Wurkhûs op dat plak waard iepene yn [[1756]]. Foar wurkferskaffing waard dêryn in bûntrederij en tekkenfabryk yn ûnderbrocht. It gebou hie 32 sealen en fertrekken en de ynrjochting waard ± [[1781]] troch de Ingelske finzenisherfoarmer [[John Howard (finzenisherfoarmer)|John Howard]] priizge as de bêste yn de hiele [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen|Republyk]].
 
Yn [[1821]], by de earste Nederlânske finzenisorganisaasje, waard it Ljouwerter Tichthûs 'Huis van opsluiting en Tuchtiging' ien fan de sintrale grutte finzenissen fan it Feriene Keninkryk.