Homêros: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L red
Rigel 10:
 
== Wurken ==
De ''Ilias'' en de ''Odyssee'' binne [[epyk|epyske]] gedichten. Yn beide ferhalen wurdt de [[Trojaanske Kriich|striid om TrojeTroaje]] beskreaun, in stêd yn it noardwesten fan [[Lyts-Aazje]], elts ferhaal fanút in oar gesichtspunt. Nei alle gedachten hawwe der ieuwenlang mûnling oerlevere Trojaanske heldensêges bestien dêr't troch him de beide gedichten út gearstald binne.
 
=== De Ilias ===
De ''Ilias'' (sa neamd nei de oare namme fan [[TrojeTroaje]], Ilion) beskriuwt in koarte episoade út dy striid. De oanrin fan dizze episoade komt mar amper oan bod, te witten: de skaking fan [[Helena (mytology)|Helena]], de dochter fan [[Leda (mytology)|Leda]] en [[Seus]], dy't troud wie mei kening [[Menelaüs]] fan [[Sparta (Grikelân)|Sparta]] troch [[Paris (mytology)|Paris]], de soan fan kening [[Priamus]] fan TrojeTroaje, de fjildtocht om Helena te befrijen ûnder lieding fan [[Agamemnon]] en wat foarfalt tidens de earste seis jierren fan it belis. It wichtige tema yn de ''Ilias'' is de wrok fan [[Agilles]] tsjin de Grykske lieder [[Agamemnon]]. Sy krije spul om in bút makke slavinne, dêr't Agilles him troch oan de striid ûnttrekt en militêre rampspoed foar de Griken it gefolch is. De dea fan Agilles syn striidkammeraat [[Patroklus]] soarget derfoar dat Agilles werom komt en wer meidocht oan de striid om him te wreken op de Trojaanske held [[Hektor (mytology)|Hektor]]. De útfeart fan Hektor is de lêste episoade fan de Ilias. It sneuveljen fan Agilles, dy't troffen wurde soe yn syn sprekwurdlike wurden [[Agillespees]] en de ynname fan TrojeTroaje neffens de klassike kriichslist mei it [[Hynder fan TrojeTroaje]], komme der net yn foar.
 
=== De Odyssee ===