Ilias: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Addbot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 96 interwiki links, now provided by Wikidata on d:q8275 (translate me)
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Iliad VIII 245-253 in cod F205, Milan, Biblioteca Ambrosiana, late 5c or early 6c.jpg|thumb|250px|Side út de Ilias, ± 500]]
 
'''Ilias''' is in ier Gryksk epos dat taskreaun wurdt oan de (neffens in tradysje bline) dichter [[Homerus]], hoewol't gelearden it der oer iens binne dat dizze foarm fan poëzij wierskynlik earst mûnling oerdroegen waard en pas letter op skrift steld. De titel is ûntliend oan ''Ilios'' of ''Ilion'' (Gryksk:Ἴλιον), de âlde, Grykske namme foar [[TrojeTroaje]], in stêd dy't situearre wie yn [[Lyts-Aazje]] oan de noard-westkust fan [[Anatoalje]].
 
De Ilias fertelt oer de wrok fan [[Achilles]], en beskriuwt mar in koarte episoade op de ein fan de [[Trojaanske Oarloch]], dy't neffens oerlevering tsien jier hat duorre. It is in misfetting te tinkjen dat de Ilias oer de Trojaanske Oarloch hannelt. Lang om let wurdt de stêd [[TrojeTroaje]], mei help fan it ferneamde [[Trojaanske Oarloch|Hynder fan TrojeTroaje]] troch de Griken ynnomd. Lykwols wurdt yn de Ilias oer dizze anekdoate net ferteld; wol yn de [[Odyssee]]. It bekende ferhaal fan it Trojaanske hynder waard beskreaun troch de Romeinske dichter [[Fergilius]].
 
De Ilias is ûnderferdield yn 24 boeken dy't nûmere binne neffens de letters fan it [[Gryksk alfabet]] fan Α oant Ω (haadletters). Alle boeken besteane út trochstrings 800 fersen. De taal is argaysk Homearysk Gryksk en ûnderskiedt him fan it lettere [[Attysk (Gryksk)|Attysk]] sawol yn fergelikings as yn morfology. Homearos brûkte in protte útwreide, oant de ferbylding sprekkende fergelikings (letter de Homearyske fergeliking neamd).
Rigel 21:
* ''Ilias De wrok van Achilles'' ynlaat en oerset yn Nederlânske Heksameters troch H.J. de Roy van Zuydewijn Nijhoff, 1980 ISBN 90-295-2058-2
* ''Homerus Ilias'' oerset troch M.A. Schwartz, mei in neiwurd fan Piet Gerbrandy, Athenaeum - Polak & Van Gennep, Amsterdam 2008 (16e printinge). ISBN 978-90-253-2043-0
* ''Het lied van TrojeTroaje'', op'en nij ferteld troch [[Colleen McCullough]], De Boekerij, 1998, Amsterdam, oersetter: E. van Rijsewijk (Orizjineel: ''The Song of Troy'', Orion, 1998)
 
== Fryske oersetting ==