Ferskil tusken ferzjes fan "Molkwar"

4 bytes lytser ,  7 jier lyn
L (Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2110313)
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.
 
Yn 'e 17e ieu wennen der san 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as dêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid farden de Molkwarders mei [[fluitskip]]pen op de [[Sont]], in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne farde út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije [[mennisten|menniste]] tsjerken te finen yn't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e ieu begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oan't der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Staverse jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slús), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts gevalgefal trjoch detroch de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.
 
== Mienskip ==
2.588

bewurkings