Sjirk Frânses van der Burg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
L red. neat te rêden
Rigel 1:
'''Sjirk Frânses van der Burg''' ([[Langsweagen]], [[21 novimber]] [[1917]] - [[Lippenhuzen]], [[7 juny]] [[2008]])
,wie [[bistedokter]] op [[De Lemmer]], en yn syn studintetiid in liedende figuer yn de [[Federaasje fan Fryske Studinte Ferienings]]. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] wie er fan desimber 1942 ôf foarsitter fan ’e Federaasje fan Fryske Studinteferienings. Hy krewearre derfoar om de skieding mei alles wat DútsDútsk wie, skerp nei foaren te bringen.
 
== [[Kneppelfreed]] ==
Van der Burg wie oanholden om't er op in dyk riden hie dy't ôfsletten wie troch it wetterskip, Hy hie dat dien om't er in haastgefal hân hie, dat hy liet it op in rjochtsaak oankomme. Op [[17 oktober]] [[1951]] krige er in boete fan sân gûne, mar dêrmei wie de saak noch net klear. Want Van der Burg hie mammentlik wegere om [[Nederlânsk]] te sprekken en rjochter Wolthers hie wegere him te ferstean as er [[Frysk]] spruts.
 
Wolthers, dy 't al jierren yn Fryslân wenne en it Frysk al ferstean koe, woe dochs fan de beklage dat er [[Nederlânsk]] prate en frege him at er as studearre man gjin Nederlânsk koe. Van der Burg gong troch yn it Frysk en fierde oan dat immen dy't yn Fryslân terjochte stie, syn eigen taal brûke meie moatte soe. Dêrop gong de rjochter derta oer de sitting op te skowen, om him derop te berieden, at der in tolk komme moast. De beklage waard oplein te wachtsjen oant dat berie plakfûn hie en dêrnei wer op 'e rjochtsitting te ferskinen.
 
Doe't de sitting wer iepene waard, waard oan 'e beklage meidield dat der gjin tolk komme koe - eat dat de rjochter yn 't foar ek wol witte kinnen hie. De rjochter moast it doe duldzje dat de beklage Frysk spruts. Mar ûnderwilens liet er Van der Burg noch al witte: "''Officieel versta ik u niet.''" (''Offisjeel kin ik jo net ferstean.'') Dat betsjutte dat Van der Burg yn 'e rjochtseal wol Frysk prate koe, mar dat wat er sei dan net opnommen waard yn it ferslach en dat der ek gjin rekken mei holden wurde soe by it fêststellen fan it fûnis.
 
It wie in fergelykbere saak as dy fan Wiebe van der Hoek en Jeen de Leeuw dy't ek wegeren Nederlânsk te praten yn de rjochtsseal wat wer de oanlieding wie ta it skriuwen fan kranteartikels fan [[Fedde Schurer]] en dêrmei de oanlieding ta [[Kneppelfreed]].