Minske-offer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw it dúdlikste plaatsje boppeoan setten.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Momias del Llullaillaco en Salta Codex_Magliabechiano_(Argentina141_cropped).jpg|thumb|right|250px|Minskeoffer by de Azteken]]
In '''minske-offer''' is in [[offerritueel]] dêr't in minske, of ferskate minsken, by offere wurde.
 
== Foarkommen ==
Offerrituëlen komme yn prinsipe yn alle kultueren fan 'e wrâld foar en by guon [[natoerreligys]] spile, of spilet, selsskeining dêrby in rol, bygelyks yn 'e prekristlike godstsjinst fan [[Fidzjy]]. De minske-offers, dy't yn it ferline ek by in grut tal folken foarkamen, gongen hjiryn noch in flinke stap fierder.
 
Dêr't it bringen fan minske-offers foar de hjoeddeiske Westerling walchlik en ûnbegryplik wêze kin, bestie der yn 'e natoerreligys fan 'e folken dy't deroan dienen in slutend systeem fan logika dat minske-offers folslein begryplik en akseptabel makke. Mei oare wurden,; minsken waarden offere út in beskate tinkwize, net samar of út poere wreedheid.
 
== Azteken ==
[[Ofbyld:Codex_Magliabechiano_(141_cropped).jpg|thumb|right|250px|Minskeoffer by de Azteken]]
De [[Azteken]] fan sintraal [[Meksiko]], dy't om 'e praktyk bekendstienen, leauden dat se libben yn 'e fyfde wrâld. De fjouwer foargeande wrâlden wienen elts einige yn in apokalyptyske ferneatiging troch it ferstjerren fan 'e sinne, nei't de goaden harren kosmyske striid tsjin 'e demoanen ferlern hienen. Neffens de myte offeren alle goaden útsein de leffe [[Xolotl]], de god fan 'e meunsters en alles dat dûbeld is, lykas twillingen, oan it begjin fan 'e fyfde wrâld harren bloed om in nije sinne te meitsjen. De Azteekske offerrituëlen, útfierd boppe-op 'e piramidefoarmige ''Grutte Timpel'' yn it sintrum fan [[Tenochtitlán]], it hjoeddeiske [[Meksiko-Stêd]], wienen dêrom bedoeld as fuortsterkjend iten foar de goaden, sadat it opgean fan 'e sinne feilichsteld wurde soe.
 
Line 19 ⟶ 18:
 
== Inka's ==
[[Ofbyld:Momias del Llullaillaco en Salta (Argentina).jpg|thumb|right|Undersyk fna in mummy fan in minskeoffer]]
By de [[Inka's]] fan [[Súd-Amearika]] kamen minske-offers ek foar. It leafst waarden bern fan tsien jier offere, dy't útkeazen waarden om har lichaamlike en morele folsleinens. It waard foar harren sjoen as in bysûnder grutte ear om streekrjocht nei de goaden stjoerd te wurden, want dat wie in privileezje dat ornaris foarbeholden wie oan eallju. It offerjen fan folwoeksenen kaam by de Inka's lykwols net in protte foar. As it al barde, gong it meastal om 'e sûnste en krêftichste kriichsfinzenen. By spesjale gelegenheden wienen minske-offers bedoeld as kommunikaasjemiddel. Der waard dan meastal in faam op 'e top fan in hillige berch offere, of, sa't de Inka's leauden, nei de stjerren stjoerd mei in boadskip foar de goaden, lykas in smeekbea om rein te stjoeren nei in lange tiid fan droechte.