Peazens (plak): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
→‎Skiednis: Ik haw de Pazen der út helle.
Ik haw skood mei ynfo. Stikje nei De Peazens, oanfollinkje fan Eanjumer en Lj-polder. en Peazens-Moddergat
Rigel 12:
}}
[[Ofbyld:Molen De Hond.jpg|thumb|''Mûne de Hûn'']]
'''Peazens''' is in doarp yn [[Dongeradiel]]. It hie yn 2005 sa'n 280 ynwenners. It doarp wurdt faak yn ien siken neamd met twilingdoarp [[Moddergat]], dat yn [[West-Dongeradiel]] lei.
 
== Skiednis ==
Dat Peazens gjin terp hat wiist op ûntstean yn as nei de [[11e ieu]]. Peazens hat syn namme krige fan de âlde seeslinke [[de Peazens]]. ''Paezens'' is ôflaat fan ''pagingi'': 'modder, ierde of slyk'. Der wie by Peazens in [[syl]] yn de Peazens. Troch in oanslibjen is dy syl om [[1449]] hinne ôfdamme <ref>Rienks en Walther, 84</ref>. Foar de gemeentlike weryndieling wie de Peazens ek de grins tusken de gritenijen, letter gemeenten, [[East-Dongeradiel]] en [[West-Dongeradiel]]. Neffens it [[Register van de Aanbreng|Register fan 'e oanbringOanbring]] hie de tsjerke fan Peazens yn 1511 in pastoar en in fikaris, wat op in beskate wolstân tsjut <ref>Herma M. van den Berg, Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. ''Paesens''. Steatsútjouwerij, De Haach 1983</ref> .
 
===De Peazens===
{{apart|De Peazens}}
Peazens hat syn namme krige fan de âlde seeslinke [[de Peazens]]. ''Paezens'' is ôflaat fan ''pagingi'': 'modder, ierde of slyk'. Der wie by Peazens in syl yn de Peazens. Troch in oanslibjen is dy syl om 1449 hinne ôfdamme <ref>Rienks en Walther, 84</ref>. De Peazens wettere sûnt dy tiid ôf op de [[Dokkumer Ie]] oant 1665. Nei de oanlis fan de feart Dokkum-Ealsum waard it wetter ôffierd troch it Noarderfallaat op de Dokkumer greft.
 
Foar de gemeentlike weryndieling wie de Peazens ek de grins tusken de gritenijen, letter gemeenten, [[East-Dongeradiel]] en [[West-Dongeradiel]]. Peazens foarmet in twillingdoarp mei [[Moddergat]], dat yn [[West-Dongeradiel]] lei.
 
===De fiskerij===
Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp, wat lei oan de Peazens en wat de slinke dêrfan brûkte foar de fiskersboaten. Om't dy slinke yn de 17e ieu fersâne, mei troch de oanlis fan de [[Eanjumer - en Ljussenserpolder]] yn [[1592]], moasten de fiskers út it doarp doe opskowe nei in oar, wat westliker plak om de fisk oan wal krije te kinnen. Sa ûntstie it doarp Moddergat.
Fanâlds wie Peazens in fiskersdoarp. De fiskerij smiet net folle op. De "Tegenwoordige Staat van Friesland" sprekt dan ek fan in earm fiskersdoarp.
 
De fiskerij smiet net folle op. De "Tegenwoordige Staat van Friesland" (18e ieu) sprekt dan ek fan in earm fiskersdoarp. De skippen leinen yn 'e winter, om't der yn Peazens net oan te lizzen wie, yn [[Iezumasyl]]. De fisk dy't net oan de opkeapers ferkocht waard, sutelen de froulju oer de Peazens, en letter ek wol mei karren, oant yn [[Dokkum]] ta út. It measte waard útsutele mei it jok. De froulju gienen dan mei twa kuorren by de huzen lâns. Ek wienen guon fiskers binnenfiskers.
 
Yn [[1812]] wienen der 18 fiskerskippen fan 30 ton mei 5 bemanningsleden. Om 1850 waarden de skippen grutter.
 
Yn de maitiid waard der op skol fiske en yn 'e hjerst op skylfisk. Ek waard der op granaten fiske. Der wienen ek fiskers dy't har op de skulpefiskerij taleinen.
 
Yn de nacht fan 5 op 6 maart [[18811883]] fergie it grutste part fan de Peazemer float en ferlearen 83 fiskers it libben. Dit wie de ein fan de seefiskerij. Letter binne der noch guon wer mei it fiskjen op granaten begûn. Yn 1909 wienen der noch 2 skippen oer.
 
Dochs is Peazens lang noch, wat de sfear oangiet, in fiskersdoarp bleaun.