Blauwe Moskee fan Mazar-e-Sharif: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: thumb|right|225px De '''Blauwe Moskee fan Mazar-e-Sharif''' is in 15e-ieuwske moskee yn it sintrum fan de stêd Mazar-e-Sh...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 jun 2013 om 14.43

De Blauwe Moskee fan Mazar-e-Sharif is in 15e-ieuwske moskee yn it sintrum fan de stêd Mazar-e-Sharif yn it noarden fan Afganistan. De moskee tanket har namme oan de protte kobaltblauwe en turkooizen tegels dêr't de koepels en minaretten mei beklaaid binne. De moskee wurdt druk besocht troch pylgers.

De moskee wurdt troch sjiityske moslims fereare as de graftombe fan Aly ibn Abû Talyb, de skoansoan fan de profeet Mohammed. De namme fan de stêd hâldt yn "Tombe fan de Ferhevene". Lykwols binne der guons dy't sizze dat Aly ibn Abû Talyb yn de Iraakske stêd Najaf begroeven leit, yn de Imam Alimoskee.

Under de ynvaazje fan de Sovjet-Uny en de dêrnei folgjende boargeroarloch hat de moskee slim te leien hân en is swier skanseare rekke.